Portsmouth (betsjuttingsside): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
besjoch it mar
oanf.
Rigel 27:
'''Portsmouth''' ([[Nederlânsk]], âldfrinzich: ''Portsmuiden'') is in havenstêd yn it súdeasten fan [[Ingelân]] yn it [[Greefskippen fan Ingelân|greefskip]] [[Hampshire]] oan de seestrjitte de [[Solent]]. De stêd (''city'') leit op in eilân ([[Portsea (eilân)|Portsea]]) skean foar it súdlik lizzende [[Isle of Wight]] oer. It plak leit 103 km súdwestlik fan [[Londen]] en 31 km súdeastlik fan [[Southampton]].
 
== Marine ==
Portsmouth is in marinehaven fan belang, ien fan de thúshavens fan de ''Royal Navy''.
[[Ofbyld:Old Portsmouth.jpg|thumb|left|225px|Ald Portsmouth]]
It militêr bedriuw spilet fanâlds in grutte rol yn de stêd. De marinebasis Portsmouth is de grutste militêre haven fan Europa. Likernôch de helte fan alle skippen fan de ''[[Royal Navy]]'' lizze dêr, ûnder oaren alle fleandekskippen. Teffens sit it [[Underseeboat]]treningssintrim [[Gosport]] en it haadkertier fan de Royal Navy yn de stêd. De marine is dêr sadwaande in grutte ekonomyske faktor en de grutste wurkjouwer.
 
28 juny 2005 wie foar de haven fan Portsmouth, de grutste floatskou fan alle tiden, dat barde yn it ramt fan de fiering fan de 200e jierdei fan de [[Slach fan Trafalgar]]. 167 skippen (74 fan de ''Royal Navy'') út 36 lannen dienen der oan mei.
 
== It besjen wurdich ==
* [[HMS Victory]]: it flaggeskip fan [[Horatio Nelson]] yn de [[slach by Trafalgar]]
* [[HMS Warrior]]: it earste pantserskip
* [[Mary Rose Museum]]: in museum wijd oan it 16e ieuske oarlochsskip, de [[Mary Rose]]