Slach by Hilligerlee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 38:
Doa Loadewyk fan Nassau te witten kaam dat syn tsjinstanner tsjin him opluts, slagge hy deryn syn troepen wer te motivearjen en stelde harren op by it kleaster fan Heiligerlee. De omkriten dêr bestean út trije heuvels ([[garst]]en), dêr't ien fan in kleaster op stie. De oare twa kinne de garsten fan Westerlee en Napels west hawwe. Efter de heuvels fersnakste it grutste part fan syn troepen. Foar de heuvel mei it kleaster rûn in dyk, tusken de heuvels wiene kuilen ûntstean troch turfwinning. Ek yn de kuilen waard ynfantery ferstoppe. Tusken de dyk en de heuvels lei in sompich stik lân. De omkrite stiet tsjintwurdich bekend as dit [[Triennendelte]].
 
Mei syn ruters ûndernaam Loadewyk fan Nassau in oanfal op it Spaanske leger. Aremberg, dy't fan plan wie te wachtsje op fersterkings, kaam d6ertrochdêrtroch yn der ferlieding om de Steatske ruters te efterfolgen. De Steatske ruters lokten it Spaanske leger de dyk oer tusken de heuvels troch. It Spaanske leger kaam dêrby telâne yn it sompige terrein tusken de heuvels, dêr't sy in maklike proai waarden foar de Waalske hierlingen, tûke skutters yn tsjinst fan greef Loadewyk.
 
Neffens guon boarnen sneuvele Adolf fan Nassau by de ruteroanfal op it Spaanske leger. Neffens oare berjochten neidat syn hyder op hol sloech ûnder it haadgefjocht en hy midden tusken de fijanlike troepen telâne. De wierheid sil wol ergens tusken heroïek en pech lein hawwe.
 
It ferlies oan Steatske side wurdt op 50 man rûst, oan Spaanske side op 1500-2500 manlju. De Steatske troepen hawwe ek 7 stikken geskut bút makke. Utsein it ferlies fan greef Adolf sneuvele ek de greef fan Aremberg. Beide eallju waarden ergens oars begroeven. Wêr it [[massagreve]] fan alle sneuvele militêren him befynt is net bekend. It stoflik oerskot fan greef Adolf is nei alle gedachten meinommen troch de weromlûkende militêren en lang om let te hof brocht yn [[Emden (Nedersaksen)|Emden]]. De gebouwen fan it kleaster yn Heiligerlee waarden troch de troepen fan greve Loadewyk nei it fertrek yn brân stutsen.
 
== Gefolgen ==