Hosty: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: vi:Bánh thánh
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
dea plaatsje
Rigel 4:
De hosty wurdt yn [[Nederlân]] en [[Belgje]] en in pear oare lannen troch de parochiaan oanpakt en nei de mûle ta brocht, mar yn froegere tiden mochten de parochianen de hosty net oanreitsje. De preester en somtiden de [[diaken]] lei de hosty op de tonge fan de parochiaan. Yn de measte lannen is dit noch altyd sa.
De eastlike katolike tsjerken en de [[East-Ortodokse Tsjerke |Ortodokse tsjerken]] leauwe itselde as de katoliken, mar sy brûke krekt as de [[protestanten]] gewoane bôle dat yn stikjes op in kostber [[pateen]] lein wurdt. De easterske tsjerken jouwe de hosty ek wol mei in leppeltsje. Sy stopje de [[bôle]] earst yn de tsjelk en dogge it dan op de tonge fan de parochiaan.
 
[[Ofbyld:Ratzinger Szczepanow 2003 7.jpg|thumb|left|300px|[[Paus Benedictus XVI]] sit efter de bekers mei hosty dy't útdield wurde tidens de kommuny]]
Yn de protestantske tsjerken wurdt net leauwd dat de bôle in feroaring ûndergiet fan bôle nei it lichem fan Kristus. Men brekt de bôle gewoan by it [[jûnsmiel]]. De leauwigen krije de bôle op de hân. Sy brûke de term hosty net foar de bôle.