Operaesje Fers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
LC des 2011
Rigel 1:
'''Operaesje Fers''' wie in Fryske dichterstelefoan ûnder nûmer 058-2131313 dêr't elts nei beleaven ynbelje koe om in gedicht te belústerjen. OperaesjeDe poëzij moast sa 'demokratiseare'wurde. Operaasje Fers hat bestien fan [[1968]] oant [[1994]]. Yn dy tiid hawwe fia de dichterstelefoan mear as 2000 gedichten te belústerjen west: likernôch 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa'n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene [[Josse de Haan]], [[Meindert Bylsma]] en [[Geart van der Zwaag (dichter)|Geart van der Zwaag]], mar de geastlike heit wie [[Feyo Schelto Sixma van Heemstra]].
 
Yn [[1969]] woe de sjuery fan de [[Gysbert Japicxpriis]], besteande út [[G.A. Gezelle Meerburg]],
[[Lolle Nauta]] en [[Jan Wybenga]], de priis takenne oan Operaesje Fers, mar Deputearre Steaten fan [[Fryslân]] stuts dêr in stokje foar omt it reglemint it takennen fan de priis oan ien auteur foarskriuwt.
It telefoannûmer krige ekstra omtinken troch in fers fan Edsard Berger dy't syn 'beschaafde aardrijkskunde' foardroech en dêr't ARP-senator de PTT-direklkteur oer belle:
 
:''De plaatsen Calcutta''
:''Pikveld in Drente''
:''Connecticut en Lulea''
:''zullen in een van de volgende encyclieken''
:''worden herdoopt in''
:''Calvaginetta''
:''Penisveld in Drente''
:''Connectivagina''
:''en Penisea''
Njonken de oprjochters hawwe ûnder oaren [[Joop Boomsma]], [[Pier Boorsma]] en [[Willem Abma]] in sit yn de redaksje hân.
 
Op [[27 jannewaris]] [[2005]] binne de lûdsargiven fan Operaesje Fers publisearre op de webside fan [[Tresoar]].
 
=== Literatuer= ==
* Kar út 15 jier Operaesje Fers ([[1984]])
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
=== Ferwizing ===
* [http://www.tresoar.nl De webside fan Tresoar mei de lûdsargiven fan Operaesje Fers]
* [http://www.operaesjefers.nl Direkte yngong nei de webside mei it argyf fan Operaesje Fers]
* Ljouwerter Krante, 31 desimber 2011, side 10
}}
 
[[Kategory:Media yn Fryslân]]