Carl Jung: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 17:
Jung hat grutte ynfloed hân op it mêd fan de [[Djiptepsychology|djiptepsychology]], de [[Analytyske psychology|analytyske psychology]] en de [[Godstsjinstpsychology|godstsjinstpsychology]].
 
Neffens de opfettings fan Jung wurdt it gedrach fan de minske foar in wichtich part bepaald troch syn drang om te libjen. Troch Jung wurdt dy ynderlike libbensdrang, it [[libido]] neamd. Hy ferskilde mei Freud hiel bot fan ynsjoch wat dêroan ten grûnslach leit, nammentlik dat dêr op it foarst plak net in seksuele oarsprong ten grûnslach leit (Freud), mar earder in religieuze (yn de romste sin fan it wurd). Hy wie fan betinken dat it wêzen fan de minske, útsein troch it persoanlike [[bewustwêzen]] ek, en gruttendiels, foarme wurdt troch wat hy it ''[[kollektyf ûnbewuste]]'' neamde, in as it wiere genetysk oererfd diel fan it ûnderbewust wêzen, in psychysk gebiet, dat neffens syn lear troch alle fertsjintwurdigers fan in ras of soart dield wurdt. Op grûn fan dizze útgongspunten ûntwikkele Jung de lear fan de ''[[argetype (model)|argetypen]]''. Dy argetypen, begripen lykas it skaad, de ivige jongere, de boaze geast, de held ensafuorthinne, binne om samar te sizzen oerlevere, funksjonele oer-driuwfearren of 'ûnderfinings' dy't de persoanlikheid fan de minske struktuer jouwe. Se drukke har út yn bylden dy't faak te finen binne yn ús [[dreamen]], mar likegoed yn [[mearkes]] en [[myte|myten]] en foarmje it boarnemateriaal fan eltse [[religy]].
 
It sintrale doel fan Jungs psychology is it yndividuaasjeproses of de selsferwêzentliking. Neist it 'ik' of 'ego' ûnderkent Jung it 'sels': in totaliteit om it 'ik' hinne dat sawol it bewuste as it ûnbewuste diel fan de persoanlikheid omfettet. Dat ûnbewuste diel, it persoanlik ûnbewuste dus, stiet yn ferbining mei de djipper lizzende laach fan it [[kollektyf ûnbewuste]], dêr't it persoanlike ûnbewuste yn wezen mar in lyts stik fan útmakket, neat mear as in soart boppelaach. It kollektyf ûnbewuste is in prinsipe net beheind, en de 'alderdjipste lagen' derfan sels binne nea bewust te meitsjen. De realisaasje fan it 'sels' is in proses dat kenmerke wurdt troch de ferieniging fan tsjinstellings yn de minske: goed en kwea, ljocht en skaad, binnen en bûten.