William Blake: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: xmf:უილიამ ბლეიქი; tekstwiziging
Rigel 5:
Blake waard berne yn in waarm, net konvinsjoneel, middenstânsgesin yn [[Londen]]. Syn heit James wie fan [[Ierlân|Ierske]] komôf en hjitte eigentlik O'Neill. De jonge William wie in koppige jongen; hy gie net nei skoalle en krige syn oplieding gruttendiels fan syn mem. Hy lies alles wat los en fêst siet, wêrûnder [[William Shakespeare|Shakespeare]], [[John Milton|Milton]], [[Ben Jonson]] en de bibel en stiek ek it noadige op fan Frânsk, Italjaansk, Latyn, Gryksk en Hebrieusk. Al gau foel syn artistike talint op en oanmoedige. Ek die bliken dat er oer in [[mystyk|mystike]] ynslach beskikte, hy seach fisioenen, dêr't er him yn syn letter libben troch late litte soe.
 
Mei fjirtjin jier gie hy yn de lear by de grafikus James Basire. Dizze lit him sketsen en tekenings meitsje fan [[Westminster Abbey]] en oare âlde tsjerken yn Londen. Yn dy tiid ûndergie hy de ynfloed fan de [[gotyk]]. Doe't er 21 jier wie, waard er talitten op de Royal Academy. Hy woe lykwols mear wêze as allinnich grafikus en fersette him boppedat tsjin de oerhearskjende konvinsjonele keunstopfettings. Nei syn houlik mei Catherine Boucher yn 1782 wist er op oanstean en mei stipe fan inkele freonen in earste publikaasje ferskine te litten: ''Poetical sketches'' (1783).
[[Ofbyld:THe Four Zoas.jpg|thumb|left|De Fjouwer Zoas út de [[mytology]] fan William Blake]]
Hoewol't syn mystike ynslach late ta wurk mei in protte symbolyk en meastentiids tsjuster wurk, dêr't er in eigen mytology yn ûntwikkele, ferskynde fan him yn 1789 ''Songs of Innocence'' mei ienfâldige lyryske gedichten. Yn 1794 waard hjiryn in werútjefte ''Songs of Experience'' oan tafoege. Dat lêste wurk waard nea apart útjûn mar opnaam mei it eardere, ûnder de titel ''Songs of Innocence and of Experience showing the Two Contrary States of the Human Soul''.