Penjumer Halsbân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oafolling fan de gemeentewebstee
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbylden der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pingjumer_Gulden_Halsband.jpg|thumb|''De Penjumer Gouden Halsbân ten súdwesten fan Pingjum (2011)'']]
[[Ofbyld:Pingjum_met_halsband_Schotanus.jpg|thumb|left|''Penjum mei Gouden Halsbân yn de Schotanusatlas (1718)'']]
De '''Penjumer Halsbân''' of '''Penjumer Gouden Halsbân''' is in [[dyk]] om it doarp [[Penjum]] dy't it beskerme tsjin it wetter yn de see-earm de [[Marne (slinke)|Marne]]. De dyk is foar it grutstepart oanlein yn de [[10e ieu]], en foltôge om 1100 hinne mei de oanlis fan de [[Griend Dyk]]. Doe't yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris [[1825]] de Fryske seediken trochbrutsen yn in fleanende westerstoarm, bleau Penjum sparre tanksij de dyk. It doarp Penjum sels, mar ek dielen fan de Halsbân lizze op in tijwâl. Dy wâlen binne ûntstien yn in tiid dat de see dêr frij tagong hie. Se waaierje om sa te sizzen út oer it lânskip foarby Arum, [[Wytmarsum]] en [[Skraard]].