Bauck Poppema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Bauck Poppema''' of ''Bauck Foppesd. fan Popma'' en ''Bauck Hemmema'' (Skylge -Berltsum, 150) wie in legindaryske Fryske heldinne, ferneamd troch har rol by de ferdigeni...
 
komôf
Rigel 1:
'''Bauck Poppema''' of ''Bauck Foppesd. fan Popma'' en ''Bauck Hemmema'' ([[Skylge]] -[[Berltsum]], [[150]]) wie in legindaryske Fryske heldinne, ferneamd troch har rol by de ferdigening fan [[Hemmemastate (Berltsum)|Hemmemastate]] yn it konflikt tusken de [[Skieringers]] en de [[Fetkeapers]] yn [[1496]].
 
Back wie in dochter fan de Skylger [[haadling]] Foppe Popma en Wilsck Aedesd. Gerbranda.
Poppema wie it wiif fan Doeke Hettes Hemmema († 1503), in bûnsgenoat fan de Skieringers. Yn 1496 fedigene Poppema, dy't doe swier wie, de state in skoftlang tsjin belegeres út de stêd [[Grins (stêd)|Grins]]. Hemmemastate moast har lykwols oerjaanbelies jaan doe't er fersterking kaam. De besetting fan Hemmema waard deamakke en Poppema waard fêstset yn Grins. It ferhaal wol dat sy yn de finzenis, boeid en al, it libben joech oan in twaling. Sy waard frijlitten yn 1497.
 
Bauck Poppema is in metafoar fan in "dappere frou" wurden en it ideaal fan in Fryske heldinne. Sy waard wol fergelike mei [[Jeanne Hachette]] aen [[Kenau Simonsdochter Hasselaer]].