Lege Midden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Leech lizzend Fryslân 001.jpg|thumb|right|300px|<small>''It Lege Midden''</small>]]
ItDe '''Lege Midden''' is de namme fan in gebiet yn [[Fryslân]]. It gebiet omklammet rûn om wei de gemeente [[Boarnsterhim]] en it súdlik part fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. It gebiet wurdt ek wolris grutter lutsen, dan wurdt it lân tusken [[Dokkum]] en [[Starum]] ta it Lege Midden rekkene. Yn dit gebiet lizze in grut part fan de [[Fryske marren]].
 
ItDe Lege Midden is in [[fean]]gebiet dat harren útlûkt fan de [[sân]]grûnen yn it easten oan de [[klaai]]grûn yn it westen.
 
It gebiet hat lange tyd [[sompe]] west. Sûnt likernôch 1000 foar Kristus kaam it wetter fan de opkommende seespegel yn itde Lege Midden. Oan de begjin fan jiertelling kamen de earste minsken yn it gebiet wenjen, mar hja moasten om 300 hinne wer fuort omdat de see fierder opkaam. Mar yn de [[10e ieu]] waard it gebiet troch de minsken goed makke om it te brûken foar [[hea]]lân. Oant fier yn de [[19e ieu]] stie it lân eltse [[winter]] ûnder wetter, wêrtroch't yn de tiid [[blaugêrs]]lân ûntstie.
 
Om [[1700]] hinne waard begûn mei it winnen fan fean yn it gebiet. Oant dy tiid waard dat allinnich mar foar eigen gebrûk dien. Dêr't op oare plakken de fean sa stutsen wurde koe moast it hjir opbaggere wurde. Yn stee fan fean bleau der wetter oer, [[petgat]]ten neamd. De bagger waard te droegjen lein, wat oerbleau wienen koarte turven.