Ruurd Wiersma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbylden der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 4:
 
== Skilderjen ==
Ruurd is berne op [[20 febrewaris]] [[1904]] yn [[Rinsumageast]] as jongste soan fan in boerefeint. Hy wie molkfarder foar it molkfabyk fan [[Gytsjerk]]. Yn 1965 begûn hy te skilderjen; yn fiif jier tiid makke er fan syn wenkeamer ien panorama, wêrby't wannen, plafond, mar ek de meubels allegear beskildere binne. Mei fytslak hat de fanatike [[sneinsskilder]]skilder troch syn hiele hûs skilderings oanbrocht. It wurk fan Ruurd Wiersma wurdt rekkene ta de [[naïve skilderkeunst]]. In protte fan syn wurk is ynspirearre troch de natoer; ek makke hy in protte skilderijen mei [[bibel]]ske foarstellings.
 
Yn 1975 wie der in grutte eksposysje fan syn wurk yn it [[Westfrysk Museum]] in [[Hoarn]] en yn desimber 2010 wienen syn bibelske tafrelen ûnder de titel ''De vrolijke bijbel van Ruurd Wiersma'' yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert te sjen.