Fryske kening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
mar ris wurk fan meitjse
Rigel 1:
{{wurk}}
'''Fryske keningen''' wienen de keningen fan de [[Friezen]], it [[Germanen|Germaanske]] folk dat harren ûnderskiedt fan oare folken troch it gebrûk fan de [[Frysk]]e taal.
 
==Fryske keninkriken==
Yn Nederlân ûntwikkele him yn de [[6e ieu]] yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet stadichoan in keningskip by de [[Friezen]]. Krekt as yn de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken.
 
It Fryske keninkryk krige yn de rin fan de [[7e ieu]] hieltyd mear stal. De keningen wienen súksesfol yn de kriich en wreiden harren gebiet fierder út nei it suden. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening [[Redbad]] soe it [[Fryske ryk]] har grutste útwreiding krije. Nei dizze kening soe it stadichoan oermastere wurde troch de [[Franken]]. [[Karel de Grutte]] makke der yn [[772]] in ein oan, doe't er it gebiet fan de Friezen eastlik fan de [[Lauwers]] by it [[Frankyske ryk]] foege.
 
Wat it juridysk foech oanbelanget fan it Fryske keningskip falt net folle mei wissichheid oer te sizzen. Neffens de [[Lex Frisionum]] wie de Fryske maatskippij yn trije stannen opdield: [[eallju]], [[frijen]] en [[ûnderhearrigen]], dy't ferskillende boeten oplein krije koenen. It bestjoer en rjochtspraak wiene heil bot mei elkoar ferweve en sa organisearre dat alle jierren dy funksjes om bar troch fertsjintwurdigers dien waarden.
 
It keninkryk fan de Friezen soe it stadichoan oermastere wurde troch de [[Franken]]. [[Karel de Grutte]] makke der yn [[772]] in ein oan, doe't er it gebiet fan de Friezen eastlik fan de [[Lauwers]] by it [[Frankyske ryk]] foege.
 
 
 
[[Kategory:Kening fan de Friezen| 1]]