Fryske kening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
mar ris wurk fan meitjse
No edit summary
Rigel 3:
 
==Fryske keninkriken==
Yn Nederlân ûntwikkele him yn de [[6e ieu]] yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet tusken Fly en Iems stadichoan in keningskip by de [[Friezen]]. Krekt as yn de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken.
 
It Fryske keninkryk krige yn de rin fan de [[7e ieu]] hieltyd mear stal. De keningen wienen súksesfol yn de kriich en wreiden harren gebiet fierder út nei it suden. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening [[Redbad]] soe it [[Fryske ryk]] har grutste útwreiding krije.