Fryske kening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa earst mar
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 2:
De '''Fryske kening''' wie yn in tiidrek fan de iere Midsieuwen de heechste gesachsdrager by de [[Friezen]]. Lykas by oare [[Germanen|Germaanske]] folken waard de kening oarspronklik allinnich keazen yn gefal fan kriich. Mooglik wie de funksje by de lêste keningen erflik wurden.
 
== Fryske keninkriken ==
=== Untstean fan it Keningskip ===
Yn Nederlân hat him yn de [[6e ieu]], yn it terpegebiet tusken [[Fly]] en [[Iems]], stadichoan in [[kening]]skip by de [[Friezen]] ûntwikkele. Lykas yn de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden, elts mei in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte mear beskôge wurdenwurde as ''"warlords"'', kriichshearen waans side tydlik keazen waard troch lokale machthawwers ([[eallju]]) om wjerstân biede te kinnen as sprake wie fan driging troch oare folken. Dy keningen beskikten net oer in wiidweidich amtenarenapperaatamtenersapparaat, dy'tdat ordintlik belêstingen opleinoplizze koenekoe, mar hiene faaks wol in lyts legerke fan betrouwen by harren.
 
Wat it juridysk foech oanbelanget fan it Fryske keningskip falt der net folle mei wissichheid oer te sizzen. Neffens de [[Lex Frisionum]] wie de Fryske maatskippij yn trije stannen opdield: [[eallju]], [[frijen]] en [[ûnderhearrigen]], dy't ferskillende boeten oplein krije koenen. It bestjoer en rjochtspraak wiene heilhiel bot mei elkoar ferweve en sa organisearre dat dy funksjes alle jierren om bar troch guons dien waarden.
 
De macht fan de kening waard bepaald troch it tal minsken dat hy mei it jaan fan presintsjes oan him bine koe. De grinzen fan syn keninkryk wie dêrtroch fleksibel en joegen de berik oan fan it netwurk fan persoanlike relaasjes dy't de kening opboud hie. Fierder hie de kening neffens politike, ek sakrale macht. Yn de [[religy]] fan de Friezen spile hy in wichtige rol.
 
De keningen wienen grif ôfkomstich út de klasse fan de eallju. By de iere keningen wie harren funksje net permanint, mar waarden allinnich keazen om yn oarlochstiden lieding te jaan. Sa't letter bliken dy wie [[Aldgillis]], kening tusken ± 750-780, gjin "warlord" mear, mar in machtich persoan dêr't rekkeningrekken mei hâlden wurde moast troch [[Ebroin]], hofmeier fan de Frânske kening.
 
Yn de rin fan de [[7e ieu]] hat it Fryske keninkryk hieltyd mear stal krigen, benammen yn de Ryndelta dêr't oan hannel en skipfeart in protte jild te fertsjinnefertsjinjen wie, hat sprake west fan in twatal keningen: [[Aldgillis]] en [[Redbad]]. Dy twa wienen súksesfol yn de kriich en koenen harren gebiet fierder nei it suden útwreidzje. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening [[Redbad]] soe it [[Fryske ryk]] har grutste útwreiding krije. Oft hy ek macht útoefene hat oer it hiele Fryske kustgebied is net wis, mooglik wienen der meardere keningen tagelyk. Sa hat yn [[Winaam]] ek sprake west fan in [[Terp Tsjitsma|keningsterp]].
 
=== De ein fan it Fryske keningryk ===
Rigel 18:
It keninkryk fan de Friezen soe yn trije weagen oermastere wurde troch de [[Franken]]. [[Karel de Grutte]] makke yn [[772]] foarfêst in ein oan de selsstannigens fan de Friezen, doe't er it gebiet eastlik fan de [[Lauwers]] by it [[Frankyske ryk]] foege.
 
== skriftlikeSkriftlike boarnen ==
Yn de [[Beowulf]], in fan oarsprong [[Denemarken|Deenske]] sêgensêge-samling dat om-ende-by it jier [[1000]] op skrift steld is, wurdt ferhaaltferhaald oer in ''"Fresna cyng"'', in kening fan de Friezen dy't yn de [[slach oan de Ryn]] de Denen ferslaat en fan in oare Fryske kening, [[Finn Folkwalding]] dy't sit hâld op de Finnsburch. Kening Finn wurdt ek neamd yn it [[Finnburg Fragmint]], in [[Aldingelsk]]e tekst dy't hannelt oer foarfallen út it tiidrek fan it [[Grutte Folkeferfarren]]. In oare wichtige boarne oer it Fryske keningskip is de [[Historia ecclesiastica gentis Anglorum|Historia ecclesiastica]] fan [[Beda]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 28:
* {{Aut|K.P.H. Faber}}, ''De eerste koningen van Nederland'', 2007.
}}
 
 
[[Kategory:Kening fan de Friezen| 1]]