Carl Jung: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolkinkje fan : en
Rigel 8:
Fan [[1900]] ôf wurke Jung as [[psychiater]] yn de [[Burghölzli]]-klinyk by Zürich, dy't ûnder direksje stie fan [[Eugen Bleuler]]. Hjir hâlde hy him ûnder oaren dwaande mei de psychologyske kant fan [[dementia praecox]] (letter [[skizofreny]] neamd) en ûntwikkele hy mei syn kollega [[Franz Riklin]] in oantal assosjaasje-testen.
 
Om diverske redenen naam hy yn [[1909]] ûntslach by de klinyk. Sa ergere hy him oan de antifreudiaanske hâlding fan âld-direkteur [[Auguste Forel]], dy't dêr noch as adviseur oan it wurk wie, en it feit dat Bleuler dêr net tsjinyn gean woe. Ek fielde hy him passeare doe't syn kollega Riklin op advys fan Bleuler oansteld waard as direkteur fan in oare psychiatryske ynstelling. Fierders woe Jung him mear talizze op syn [[psycho-analyze|psycho-analytyske]] fyzjes en omdat er mei in rike frou troud wie, koe hy him as selsstannich analytikus in eigen praktyk opbouwe sûnder him om it jild te bekroadzjen.
 
Jung wie in tweintich jier jonger as [[Sigmund Freud]], waans wurk troch him hiel bot op de foet folge waard. Hy moete Freud foar de earste kear yn [[1906]] en hat inkele jierren hiel nau mei him gearwurke. Freud seach Jung as syn troanopfolger. Lykwols krigen beide spul mei-elkoar troch in ferskil fan ynsjoch oer de psycho-analyze dat persoanlik waard en yn [[1912]] kaam it ta in breuk. Jung hat dy stap letter ferklearre yn syn koart dêrnei útkomd boek ''Wandlungen und Symbole der Libido'' en neamde syn eigen metoade sûnttiid ''[[analytyske psychology]]''. Hy rekke yn in djippe persoanlike krisis, dêr't hy om-ende-by [[1918]] wer fan herstelde.