Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
[[]]
dúdliker
Rigel 6:
Nei syn stúdzje gie er twa jier oan de slach by de Fryske Akademy dêr't er him dwaande hold mei de [[Freeska Landriucht|Alde Druk]] út [[1484]]-[[1487]], dat it earste boek is dat yn de Fryske taal ferskynd is. Yn [[2004]] ferhuze Popkema nei [[Dútslân]] om op de Universiteit fan Kiel oan de slach te gean by de ''Nordfriesische Wörterbuchstelle'' (it "Noardfrysk Wurdboekynstitút"). Hy gie dêr hinne om it wurk oan it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' te foltôgjen, de oarspronklike bewurker, Dietrich Hofmann, wie nammentlik yn [[1998]] ferstoarn. Doe wie it oant de letter S skreaun, Popkema hat it ôfmakke en hat alles nochris bewurke. Yn [[2008]] is it boek yn it Dútske [[Heidelberch]] presintearre. Ek hat Popkema sûnt 2002 in soad wittenskiplike artikels skreaun oer it Aldfrysk, de leksikografy en de skiednis fan de Fryske taal.
 
Anne Tjerk Popkema hat altiten al niget hân oan it oersetten nei it Frysk ta. Under syn wittenskiplike wurksumheden sette er al ûnderskate stikken oer, lykas 'Ik pak myn bibleteek út' fan de Joadsk-Dútske kultuerfilosoof [[Walter Benjamin]]. Yn deselde perioade is er begûn mei it oersetten fan it boek 'The Hobbit' fan [[J.R.R. Tolkien]], yn [[2009]] is it boek útbrocht. Yn 2011 ferskynde der fan dy oersetting ek in audioboek, dat ynsprutsen is troch Popkema sels. Yn 2008 rjochte Popkema in taalburo op dêr't minsken terjochte kinne foar ûnder mear oersettings, tekstkorreksje, taalûndersyk en taalhelp.
 
Neist it oersetten is Popkema ek adviseur foar it Frysk foar it ferneamde ''Oxford English Dictionary'' (sûnt 2006) en sûnt 2009 fan it monumintale ''Deutsches Rechtswörterbuch''. Yn 2007 krige er de Laurence Urdang Euralex Award". Foar syn wittenskiplike fertsjinte is Popkema yn 2009 beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Neist syn gewoane wurk is er ek noch bestjoerslid by ûnder oare de "Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins", "Stifting Eigen Honk Bernlef" en fan it "Nammekundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy". Ek is er noch lid fan de "Oarkonderûnte" fan de Fryske Akademy.