Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 2:
'''Anne Tjerk Popkema''', ( [[Burgum]], [[1975]] ), is in skriuwer, oersetter en [[Frysk]] taalûndersiker.
 
Is hikke en tein yn Burgum en gie nei it kristlik gymnasium ( no Beyers Naudé) yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ferhuze yn 1994 nei [[Grins (stêd)|Grins]] en studearre dêr Frysk. Siet by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef. Nei in jier oan de learareoplieding Frysk en Nederlânsk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert begûn er yn 1998 oan in stúdzje Frysk oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Studearre yn [[2002]] ôf yn de rjochting Midsieusk Frysk en Taalskiednis. Krige de skripsjepriis fan de Fryske Akademy foar syn skripsje oer hoe't yn it Aldfrysk it begryp ´''wei´'' oantsjutten waard.
 
Wurke tusken 2002-2004 foar de Fryske Akademy, oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de [[Alde Druk]], út 1484-1487. Yn 2004 - 2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' (2008). Hofmann, de oarspronklkikeoarspronklike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer aspekten fan it [[Aldfrysk]], leksikografy en de skiednis fan it Frysk.
 
Anne Popkema hat altiten al niget hân oan it oersetten nei it Frysk ta. Under syn wittenskiplike wurksumheden sette er al ûnderskate stikken oer, lykas ''Ik pak myn bibleteek út'' fan de Joadsk-Dútske kultuerfilosoof [[Walter Benjamin]]. Yn deselde perioade is er begûn mei it oersetten fan it boek ''The Hobbit'' fan [[J.R.R. Tolkien]], dat yn [[2009]] is it boek útbrochtferskynde. Yn 2011 ferskynde der fan dy oersetting ek in audioboek, dat ynsprutsen is troch Popkema sels. Yn 2008 rjochte Popkema in taalburo op dêr't minsken terjochte kinne foar ûnder mear oersettings, tekstkorreksje, taalûndersyk en taalhelp.
 
Neist oersetter en taalûndersiker is Popkema adviseur foar it Frysk foar it ''Oxford English Dictionary'' (sûnt 2006) en it ''Deutsches Rechtswörterbuch'' (sûnt 2009). Krige yn [[2007]] de ''Laurence Urdang Euralex Award''. Waard yn [[2009]] lid van de Fryske Akademy. Popkema wurket dêrneist as dosint taalfeardigens by de oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Fierder bestjoerslid fan de Stifting ''Eigen Honk Bernlef'' en fan it ''Nammekundich Wurkferbân'' fan de Fryske Akademy. Ek is hy lid van de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy.