Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 3:
Dizze rigel is te finen op de tinkstien op it [[Reaklif]] by [[Warns]], dêr't elts jier op de lêste sneon fan septimber de 'Slach' betocht wurdt.
 
YnOp [[26 september]] [[1345]] kaam in grutte float ûnder lieding fan Greve [[Willem fan Henegouwen]] en Hartoch [[Jan fan Beaumont]] út [[Hollân]] nei [[Starum]] ta, om Fryslân te feroverjen. Earst Starum mar ris, wie it doel, om't men tocht dat fan it [[Sint Odulphuskleaster]] in moai fort te meitsjen wie. Om't de boaten sa fol sieten mei minsken en proviand, hiene de ridders harren hynders thús litten.
 
Dêr't Beaumont goed oan lân kaam en al gau by it kleaster wie, rûn it mei Fan Henegouwen in stik minder goed. Hy soe mei syn mannen fan de oare kant ôf nei Starum komme. It ferlitten [[Laaksum]] waard yn'e brân stutsen, krekt lykas Warns. Dy fan Laaksum en Warns soene wol yn Starum wêze, moat Willem tocht hawwe. Mar ynienen wiene de Warnsers oeral en foelen de ridders yn harren harnassen, dy't sa sûnder hynders mear lêst as gemak wiene, oan. Werom nei Laaksum koe net, dêr wie't ek ynienen allegear folk. Der wie noch mar ien útwei, mar dat bliek de 'Ferkearde wei' te wêzen. Dy liedde net nei Starum, mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In soad soldaten kamen om, ek Greve Willem.