Freeska Landriucht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Keppeling om utens: red persoanlike miening der út helle
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Freeska Landriucht.jpg|thumb|Earste side fan it Freeska Landriucht]]
It '''Freeska Landriucht''' of de '''Alde Druk''' is it earste boek dat yn 'e Fryske[[Frysk]]e taal (it [[Aldfrysk]]) ferskynd is. Nei alle gedachten is it printe yn in fraterhûs te [[Berltsum]] om [[1480]] hinne. Der binne njoggen eksimplaren bewarre bleaun fan dit boek. [[Tresoar]] hat der in oantal fan yn syn besit. It '''Freeska Landriucht''' is in samling rjochtsteksten.
 
== Ynhâld ==
Hjir folget in ynhâldsopjefteYnhâldsopjefte mei in koarte taljochting. YnAldfryske de neikommende listwurden binne Aldfryske wurden kursyfskean skreaun:
 
# Prolooch: ynlieding op de ynhâldsopjefte (f 0.1r)
# Register: ynhâldsopjefte. N.B.: it fel dêr't de teksten 1. en 2. op stean is mar yn seis fan de njoggen eksimplaren oerlevere (f 0.1v - f 0.2v).
# Wat is rjocht?: kategismus oer de fraach wat rjocht no eins is (f 1r - f 6r).
# Alde Skeltariucht: rjochtsboek mei Aldwestfryske rjochtsbepalings dy 't de taken fan de [[skelta]] (Nederlânsk: 'schout') regelje (f 6r - f 22r).
# Sêge fan Karel en Redbad: ferhaal oer hoe't [[Karel de Grutte]] de Fryske [[Kening Redbad]] ferslacht en hoe't de Friezen fan in Jezusfiguer it rjocht krigen (f 22r - f 23r).
# Magnuskeuren: sân foarrjochten dy't Magnus fan Karel de Grutte krige doe't er mei de Friezen Rome befrijde (f 23r - f 25r).
# Santjin Kêsten: pan-Fryske rjochtstekst (f 25r - f 31 r).
Rigel 18:
# Syndrjocht: algemien Aldwestfrysk geastlik rjocht, op guon plakken besibbe oan it Alde Skeltariucht (f 43v - f 47r; cf. f 47r - f 51v).
# Jongere ''Skeltariucht'' (f 52r - f 61r).
# Willekeuren fan de Fiif Dielen: boetebepalings foar de Fiif Dielen fan [[Westergoa]]: [[Barradiel]], [[Frjentsjerteradiel]], [[Hinnaarderadiel]], [[Baarderadiel]], [[Menameradiel]] (f 61r - f 63v).
# ''Bireknada Bota'': Aldwestfryske boetebepalings (f 63v - f 71v).
# Ferhanneling oer muntwearden (f 71v - 72v)
# Rudolfsboek: rjochtsboek, net-terjochte taskreaun oan keizer Rudolf (fan Swaben?) (f 73r - f 83r).
# Merkrjocht: regeling oangeande de kompetinsje fan merkerjochtersmerkrjochters (f 83v - f 84v).
# ''Swarte swengen'': opsomming fan tige slimme fergripen (f 84v - f 85r).
# ''Skaakraaf'': opsomming fan soarten berôvings mei de straffen dy't derby hearre (f 85r - f 86r).