Dodo (sillige): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
LC 14-1-2012
L [[]]
Rigel 1:
'''Sillige Dodo''' (? - [[De Haske]], [[30 maart]] [[1231]] ) wie in [[NorbertynNorbertinen|norbertiner]] muonts fan [[Mariëngaarde]]. Hy fêstige him yn in klûs by [[Bakkefean]] en krige troch syn frommens en genêzingen in soad oanrin en trede nei alle gedachten ek op tsjin de [[bloedwraak]].
 
Yn [[1225]] luts Dodo ( ek: Doda) him werom yn De Haske. Hy kaam om trochdat syn kapel ynstoarte. In skoft letter ûntstie op dat stee it [[Hasker Konvint]]. It dêr boude tsjerkje stiet fan de A32 ôf midden yn de lannen en it is út de trein wei goed te sjen. Yn 2012 wurdt it tsjerkje hierd troch in keunstner en by gelegenheden wurdt der noch wolris in tsjinst hâlden.
 
Yn 2012 waard bekend dat de ynwenners wannelpaden oanlizze sille sadat ut de loft wei, en mei [[Google Earth]], de namme "Dodo" te lêzen is. It paad sil út [[Haskerdiken]] wei fia in boskje nei tsjerkje "De Kapelle" rinne. It paad moat ynpast wurde yn it [[Jabikspaad]] nei [[Santiago de CompostellaCompostela]].
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red.}}, Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), ''Doda (Dodo)''.