Vladimir Lenin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: mwl:Lenin
red
Rigel 3:
[[Ofbyld:Lenin and stalin.jpg|thumb|right|250px|Lenin tegearre mei [[Stalin]] yn [[1922]] yn [[Gorky]]]]
[[Ofbyld:Lenin-last-photo.jpg|thumb|right|250px|De lêste foto fan Lenin]]
'''Vladimir Lenin''', berne as ''Vladimir Ilyich Ulyanov'', ([[22 april]] [[1870]] – [[21 jannewaris]] [[1924]]), wie in [[kommunisme|kommunistyske]] revolusjonêrrevolúsjonêr yn [[Ruslân]]. Hy wie de lieder fan de [[Bolsjewiken|Bolsjewistyske]] partij en de earste premier fan'e [[Sowjetuny]].
 
Lenins syn heit wie ynspekteur fan it ûnderwiis. Syn âldste broer Alexander dy’t hy tige bewûndere waard yn [[1887]] terjochtsteld yn ferbân mei de tariedings fan in oanslach op de [[tsaar]]. DitDat foarfal wie foar Lenin in skokkend barren en dat hat in soad yndruk op him makke.
 
== Skoalling ==
Nei in [[gymnasium]]oplieding gie hy rjochten studearjen yn [[Kazan]]. Mar dêr waard hy al gau fan de universiteit ferwidere omdat er dielnaam oan demonstraasjes. Dêrom studearre hy in oantal jierren foar him sels. Yn dy tiid hienen de geskriftenskriften fan [[Tsjernvsjevski]] en de wurken fan [[Karl Marx]] en [[Plechanov]] grutte ynfloed op him. Hy waard talitten ta de eksamens yn [[Sint Petersburch]] en foltôge yn 1891 de rjochtenstúdzje.
 
== Politike aktiviteiten ==
Twa jier letter yn Sint Petersburch foege hy him by in sosjaal demokratyske groepearring mei de namme De âlden. Op in earste reis nei West-Jeropa yn 1895 moete hy in soad sosjalisten ûnder wie [[Plechanov]] en [[Axelrod]]. Hy wurke dêrnei tegearre mei [[Martov]] yn it troch him oprichteoprjochte bûn foar de befrijing fan de arbeid. Syn aktiviteiten sprongen yn it each en yn desimber 1895 waard hy arrestearre en fan [[1897]] oant [[1900]] waard er ferbanne nei [[Sibearje]]. Yn Sibearje moete hy syn frou [[Nadezjda Konstantinovna Kroepskaja]], dêr't hy mei troude. Nadezjda soe altyd by him bliuwe en ien fan syn trouste meiwurkers wurde. Nei syn straftiid gie Lenin út [[Ruslân]] fuort. Hy wurke in skoftke yn [[Dútslân]], [[Ingelân]] en [[Switserlân]]. Dêr stifte hy mei [[Martov]] en [[Potresov]] de [[Iskra]] (fonk). In yllegale revolúsjonêre krante foar Ruslân. Nei rûzje stifte Lenin yn 1903 in eigen blêd mei de namme [[Vperjod]].
 
Nei de revolúsje fan 1905 kearde Lenin werom nei Ruslân. Under syn lieding propagearren de bolsjewiken it boykotsjen fan de [[Doema]] en it tarieden fan in opstân. De revolúsje rûn net sa't Lenin it hawwe woe. Der kaam wer in stevige regearing en Lenin ferliet Ruslân op 'e nij om te wachtsjen op bettere tiden. Yn de hjir op folgjende jierren bestried Lenin rjochtse tinzen yn de sosjaal-demokratyske partij. Dat die hy mei syn tydskrift. It soarge foar in brek mei de net-[[bolsjewisme|bolsjewistyske]] fleugel op in partijkonferinsje yn Praach. By dizze konferinsje waard de [[Pravda]] stifte.