Joadsk begraafplak (Teakesyl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tacozijl Joodse begraafplaats-1.JPG|thumb|Tagong]]
It '''Joadske begraafplak Teakesyl''' (ek: '''Joadetsjerkhôf Teakesyl'''') leit by [[Teakesyl]].
 
Der is in âld en in nij diel. It âldste part waard om [[1802]] hinne foar de de Joadske mienskip yn [[De Lemmer]] oankocht en lei deun efter de seedijk. Omdat it leechlizzende begraafplak geregeldwei ûnderstrûpte en dêrtroch net te brûken wie, hat de boargemaster yn 1876 in oanswettend heger lizzend perseel skonken. Dêr waard in nij begraafplak ynrjochte. Yn 2010 binne der noch 29 grêfstiennen. Op it âlde part 21 en op it nije 8. De âdste stien is fan 1817. Yn 1938 wie de lêste begraffenis.
Yn 1989 waard de stichting ''Joodse Begraafplaats Tacozijl'' troch in groep Lemsters oprjochte. It doel wie om it tige fertutearzge hôf te renovearjen. De stichting soarget noch altyd foar it ûnderhâld. Ut namme fan eigner it [[Nederlânsk-Israëlitysk Tsjerkgenoatskip]] wurdt it hôf troch [[It Fryske Gea]] beheard.
 
Om it âlde begraafplak, ûnderoan de Iselmardyk) fan 0,2 hektare leit in beamwâl. Der steane tsientallen sarken en op it tinkplaat steane de nammen fa trije joadske Lemsters dy't op transport setten binne nei [[Auschwitz]] en dêr ombrocht binne. Doe't de âlde hege iperen mantel troch de ypsykte oantaaste wienen binne se roege en binne der nije beammen plante wêrtroch't it tsjerkhôf in opfallend punt yn it platte lânskip wurden is.
 
== Sjoch ek ==