Ferskil tusken ferzjes fan "Fryske Wâlden"

 
== Befolking==
De befolking fan De Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, wêrûnderdêrûnder [[Westfalen (streek)|Westfalen]], [[Saksen (folk)|Saksen]], [[joaden]] en [[sigeuners]]. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan.
 
=== Kultureel en taalkundich ===
De Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk binne de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter. De [[taalkunde|taal]] dy't hjir sprutsen wurdt, it [[Wâldfrysk]] wykt op ferskate punten ôf fan it [[Frysk]] fan de [[Klaaistreek]] en de [[Súdwesthoeke]].
 
Bewenners fan de Wâlden wurde wol 'wâldpiken', 'wâldsjers' of 'heidepiken' neamd. De befolking fan de eardere heidestreken hawwehat by guon noch de namme dat se koart foar de kop binne en gau mei it knyft klear steanestiet. In soad heidsjers hiene oant foar koart as liifspreuk "Myn Herder is myn redder". Dêrmei net referearjend oan Usleavenhearús Leavenhear mar oan in bûsmes fan it merk [[Rich.A.Herder|Herder]] dat sa'n bytsje ta harren standertútrissing skynde te hearren.
 
Yn guon dingen binne ek westliker parten fan [[Sânwâlden]] besibbe mei de Wâlden, en wurde dêr ek ta rekkene.
10.424

bewurkings