Fryske kening: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Untstean fan it Keningskip: flaterke |
red |
||
Rigel 4:
== Fryske keninkriken ==
=== Untstean fan it Keningskip ===
Yn Nederlân hat him yn de [[6e ieu]], yn it terpegebiet tusken [[Fly]] en [[Iems]], stadichoan in [[kening]]skip by de [[Friezen]] ûntwikkele. Lykas dat yn de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] wrâld it gefal wie, bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden, elts mei in eigen
Wat it juridysk foech oanbelanget fan it Fryske keningskip falt der net folle mei wissichheid oer te sizzen. Neffens de [[Lex Frisionum]] wie de Fryske maatskippij yn trije stannen opdield: [[eallju]], [[frijen]] en [[ûnderhearrigen]], dy't ferskillende boeten oplein krije koenen. It bestjoer en rjochtspraak wiene hiel bot mei elkoar ferweve en sà organisearre dat dy funksjes alle jierren om bar troch guons dien waarden.
Rigel 12:
De keningen wienen grif ôfkomstich út de klasse fan de eallju. By de iere keningen wie harren funksje net permanint, mar waarden allinnich keazen om yn oarlochstiden lieding te jaan. Sa't letter bliken dy wie [[Aldgillis]], kening tusken ± 650-680, gjin "warlord" mear, mar in machtich persoan dêr't rekken mei hâlden wurde moast troch [[Ebroin]], hofmeier fan de Frânske kening.
Yn de rin fan de [[7e ieu]] hat it Fryske keninkryk hieltyd mear stal krigen, benammen yn de Ryndelta dêr't oan hannel en skipfeart in protte jild te fertsjinjen wie, hat sprake west fan in twatal machtige keningen: [[Aldgillis]] en [[Redbad]]. Dy twa wienen súksesfol yn de kriich en koenen harren gebiet fierder nei it suden útwreidzje. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening [[Redbad]] soe it [[Fryske ryk]] har grutste útwreiding krije. Oft hy ek macht útoefene hat oer it hiele Fryske
=== De ein fan it Fryske keningryk ===▼
It keninkryk fan de Friezen soe yn trije weagen oermastere wurde troch de [[Franken]]. [[Karel de Grutte]] makke yn [[772]] foarfêst in ein oan de selsstannigens fan de Friezen, doe't er it gebiet eastlik fan de [[Lauwers]] by it [[Frankyske ryk]] foege.
|