Ferskil tusken ferzjes fan "Terptsjerke"

Gjin feroaring yn grutte ,  9 jier lyn
red
(red)
Op de [[gevelstien]] boppe de yngong oan de noardside fan de Terptsjerke stiet dat de [[earste stien]] lein waard troch Augustinus Lycklama a Nyeholt âld 17 jier op 13 maart 1759. De [[sealtsjerke]] is boud op it heechste punt fan de [[terp]] fan Akkrum as ferfanging fan in eardere ôfbrutsen tsjerke. De toer waard yn 1882 ommitsele en it [[sealdak]] waard ferfongen troch in ynsnoerde toerspits. Fan de twa klokken út 1698 waard de lytsere skuorde klok ferfongen troch in klok út 1950.
 
De tsjerke hat fjouwer ramenruten fan [[brânskildere glês]] mei wapens makke troch Thomas en Tjalling Gonggrijp. De oargelkas út 1821 is makke troch J.A. Hillebrand. It oargel út 1856 is makke troch [[Petrus van Oeckelen]] en is sûnt 1978 yn fazes restaurearre (1983, 2001 en 2010).<ref>Ljouwerter Krante d.d. 11 novimber 2010: [http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?id=LC-20101111-NO01017004&vw=org&lm=terptsjerk%2Cakkrum%2CLC Orgel van de Terptsjerke in Akkrum]</ref>Sûnt de lêste restauraasje yn 2000 foarmje de grêfsarken út de 16e en 17e ieu wer it middenpaad yn de tsjerke. De wynfaan boppe it koar is in mearman.
<gallery>
Ofbyld:Tsjerke fan Akkrum 15.JPG|Noardside (2009)
19.975

bewurkings