Westfalen (streek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
fw
Rigel 13:
Sûnt [[1180]] wie der in [[hartochdom Westfalen]]. De weardichheid fan hartoch waard droegen troch de [[Keur-Keulen|aartsbiskop en karfoarst fan Keulen]]. Oan de ein fan de 18e ieu hie dy feitlik allinne noch macht yn in lyts gebiet mei de distrikten [[Olpe (distrikt)|Olpe]] en [[Hochsauerlandkreis]] fan no.
 
By de yndieling fan it [[Hillige Roomske Ryk]] yn in tal [[kreits]]en yn [[1500]], waard de [[Westfaalske Kreits]] it hiele gebiet beëasten de [[Boergondyske Kreits]]. It omfieme de gebieten fan de prinsbisdommen [[prinsbisdom Münster|Münster]] en [[prinsbisdom Luik|Luik]], en alle tuskenynlizzende lytsere foarstedommen. Yn it earstoan wie ek it [[stichtstift Utert]] yndield by de Westfaalske Kreits.
 
Yn [[1807]] stifte [[Napoleon]] it [[keninkryk Westfalen]], dat foar in part wol en foar in diel net it eardere grutte Westfalen omfette, mei grutte dielen fan de tsjintwurdige bûnslannen [[Nedersaksen]], [[Hessen]] en [[Saksen-Anhalt]] dêrta.