Buerstermûne (mûne): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Vrouwbuurstermolen.jpg|thumb|''Buerstermûne'']]
De '''Buerstermûne'') is in [[nôtmole]] yn itde [[buorskip]] [[Buerstermûne (buorskip)|Buerstermûne]], east fan it doarp [[Froubuorren]] yn de gemeente [[Ljouwerteradiel]].
 
De Buerstermûne waard yn de rin fan de [[19e ieu]] boud, nei alle gedachten út ûnderdielen fan in earne oars sloopte mûne, op in steed dêr't yn [[1566]] al in [[standertmûne]] stie. Oer it krekte jier dat de Buerstermûne boud waard bestiet ûnwissens. Neffens de ''Moledatabank'' barde ditdat om 1850, mar ''De Hollandsche Molen'' is dúdliker en sprekt fan 1862.
 
De achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, stie yn it wurk oant 1954. Acht jier letter waard de ''Stichting Vrouwbuurstermolen'' oprjochte, dy't restauraasje as doel hie. Yn 1966 waard de kape fan de Buerstermûne ferfongen. Ek yn 1995 en 2007 waard de mûne restaurearre. Hy wurdt brûkt as lesmûne foar frijwillige mûnders.
 
De mûne spile in rol yn de [[Alfde Alvestêdetocht]] op [[14 febrewaris]] [[1956]], doe't de fiif koprinners yn dizzedy tocht by de mûne de ôfspraak makken om yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] tagelyk oer de einstreek te gean. DitDat waard bekend as it ''Pakt fan Buerstermûne''. De fiif holden wurd, wêrnei't it bestjoer fan de [[Feriening De Fryske Alve Stêden]] besleat om dat jier gjin prizen ta te kennen.
 
== Sjoch ek ==