Aldskou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Aldskou''' (''Nederlânsk: Oude Schouw'') is in [[buorskip]] yn de himrik fan [[Akkrum]], yn de gemeente [[Boarnsterhim]], likernôch healwei Akkrum en [[Jirnsum]].
 
It plak dêr't no Aldskou leit hat al ieuwen lang in wichtich punt west. De [[Griene Dyk]], de [[Alde Wjittering]] en it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen yn de rin fan 'e tiid tagong ta [[Snits]] en it súdwesten fan [[Fryslân]], de [[Boarn]] en de diken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de [[Wâlden]], en ek de Boarn en letter it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen tagong ta [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en it noarden fan Fryslân. It behearskjen fan Aldskou en [[Jirnsum]] hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.
 
Sûnt op syn minst de [[17e ieu]] hat hjirdêr in fearhûs en postiljonthûs west. Oant en mei [[1839]] hie [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] hjirder in [[fear]] en in [[fearhûs]], om't hjirdêr de [[wei nei Oerisel]] oer de [[Alde Wjittering|Wjittering]] hinne moast, mar sûnt [[1840]] leit hjirder in brêge. Mei it tanimmen fan it ferkear oer de wei waard ek de brêge fan strategysk belang, wat er west hat oant en mei de [[Twadde Wrâldkriich]].
Sels yn'e Dútske tiid wie de brêge fan Aldskou noch fan strategyske betsjutting en troch it fornielenfernielen fan de brêge troch de Dútskers waard it Kanadeeske leger inkelde oeren opholden.
 
De earste kear dat melding makke wurdt fan sylwedstriden tusken frachtskippen (skûtsjes) en beurtskippen wie yn [[1820]] tichtby Aldskou
Om 1950 hinne waard de trijesprong in krusing doe't it gedielte fan it Prinses Margrietkanaal rjochting Grou klear kaam.
Om't hjirdêr it Prinses Margrietkanaal de Boarn krúst is it hieltyd noch in drok punt op it wetter, en is der noch altiten in útspanning.
 
== Sjoch ek ==