Bataafske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
No edit summary
Rigel 1:
De '''Bataafske Republyk''' (doetiidske nederlânsk: ''Bataafsche Republiek'') (19 jannewaris 1795 - 6 juny 1806) wie in republyk dy't it grutste part fan it hjoeddeiske Nederlân omfette. Fan 1805 oant 1806 waard de namme Bataafsk Gemenebest (doetiidske nederlânsk: ''Bataafsch Gemeenebest''). De Bataafske Republyk is ûnstien út'e [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] en wie feitlik in fazalsteat fan [[Frankryk]].
 
==Namme==
Rigel 9:
Ein desimber 1794 teach it Frânske leger fan ginneraal Pichegru oer de beferzen rivieren de Nederlânnen yn. De Frânsen waarden stipe troch de Nederlânske Patriotten, dy't earder yn 1787 ek al besocht hiene om oan de macht te kommen. Dizze omkearing wie lykwols mei help fan in Prusysk yntervinsjeleger ûnderdrukt. No seachen hja kâns om harren idealen fan 'Frijheid, Gelikens en Bruorskip' dochs te ferwêzenlikjen. Op 18 jannewaris flechtte stêdhâlder Willem V nei Ingelân. Op withoe folle plakken yn it lân namen revolúsjonêre komitees fan patriotten it bestjoer oer. Yn Amsterdam nimt in revolúsjonêr kommitee ûnder lieding fan Schimmelpenninck it bestjoer oer, twa dagen foardat de Frânske troepen dêr oankomme. Op 19 jannewaris waard de Bataafske Republyk útroppen.
Op 16 maaie 1795 sletten de Frânske en de Bataafske Republyk it Fredesferdrach fan De Haach; De eksklaves Maastricht, Venlo (doetiids ''Venloo''), Steats-Limburch en Steats-Flaanderen waarden yn de al earder frânsk wurden Eastenrykske Nederlannen (it hjoeddeiske Belgje) opnaam. Fierders moast de Bataafske Republyk finansjele en militêre stipe oan Frankryk jaan; Hja moast in Frânsk leger fan 30000 man, dat op har grûngebiet legere waard, tsjin hege kosten ûnderhâlde.
 
==Polityk==
Rigel 26:
===Earste steatsgreep (jannewaris 1798)===
Op 22 jannewaris 1798 nimme radikale unitariërs, foarstanders fan in sintraal bestjoer, it bewâld oer omdat hja ûntefreden binne mei it stadige tempo fan de demokratyske herfoarmings. Der komt in saneamd Utfierend Bewâld fan de Bataafske Republyk, dy't in grûnwet opsteld.
===Twadde steatsgreep (junijuny 1798)===
Op 12 juny 1798 is der in twadde steatsgreep fan mear gematigde patriotten. It Utfierend Bewâld bliuwt bestean, mar dêrneist komt der in parlemint, it saneamde Fertsjinwurdigende Lichem (nederlânsk: Vertegenwoordigend Lichaam) Yn july wurdt de grûnwet yn wurking steld.