Bataafske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
De '''Bataafske Republyk''' (doetiidske nederlânsk: ''Bataafsche Republiek'') (19 jannewaris 1795 - 6 juny 1806) wie in republyk dy't it grutste part fan it hjoeddeiske Nederlân omfette. Fan 1805 oant 1806 waard de namme Bataafsk Gemenebest (doetiidske nederlânsk: ''Bataafsch Gemeenebest''). De Bataafske Republyk is ûnstien út'e [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] en wie feitlik in fazalsteat fan [[Frankryk]].
 
==Namme==
De Republyk waard neamd nei de Bataven, in Germaanske stam dy't yn'e tiid fan Julius Caesar yn'e Nederlânske delta wenne. Yn'e tiid fan'e Republyk fan de Sân Provinsjes waarden de Bataven beskôge as de foarâlden fan de Nederlanners. Lykas by de measte Frânske fazalsteaten betsjutte de namme, dy't ferwiisd nei de Antike Aldheid, dat de nije steat har op in eardere, natuerrjochtlike en net in feodale sosjale oarder berôp.
 
==Untstean==
Oan it begjin fan de Earste Koalysjeoarloch tsjin it revolúsjonêre Frankryk (1792-1797) bleau de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen neutraal. As wichtichste jildsjitter fan Grut-Britanje, dat ien fan de grutste fijannen fan de Revolúsje waard, rekke hja lykwols behelle yn it konflikt. Op 1 febrewaris 1793 ferklearre de Frânske Republyk de oarloch oan de Republyk fan de Feriene Nederlannen.
 
Ein desimber 1794 teach it Frânske leger fan ginneraal Pichegru oer de beferzen rivieren de Nederlânnen yn. De Frânsen waarden stipe troch de Nederlânske Patriotten, dy't earder yn 1787 ek al besocht hiene om oan de macht te kommen. Dizze omkearing wie lykwols mei help fan in Prusysk yntervinsjeleger ûnderdrukt. No seachen hja kâns om harren idealen fan 'Frijheid, Gelikens en Bruorskip' dochs te ferwêzenlikjen. Op 18 jannewaris flechtte stêdhâlder Willem V nei Ingelân. Op withoe folle plakken yn it lân namen revolúsjonêre komitees fan patriotten it bestjoer oer. Yn Amsterdam nimt in revolúsjonêr kommitee ûnder lieding fan Schimmelpenninck it bestjoer oer, twa dagen foardat de Frânske troepen dêr oankomme. Op 19 jannewaris waard de Bataafske Republyk útroppen.
Op 16 maaie 1795 sletten de Frânske en de Bataafske Republyk it Fredesferdrach fan De Haach; De eksklaves Maastricht, Venlo (doetiids ''Venloo''), Steats-Limburch en Steats-Flaanderen waarden yn de al earder frânsk wurden Eastenrykske Nederlannen (it hjoeddeiske Belgje) opnaam. Fierders moast de Bataafske Republyk finansjele en militêre stipe oan Frankryk jaan; Hja moast in Frânsk leger fan 30000 man, dat op har grûngebiet legere waard, tsjin hege kosten ûnderhâlde.
 
==Polityk==
De Bataafske Republyk wie net allinnich mar yn produkt fan Frânske macht, mar waard troch in oansjenlik part fan de Nederlânske befolking droegen.Yn de tiid fan de Bataafske Republyk waard in oergong makke fan in, alteast yn namme, losse konfederaasje fan ûnôfhinklike provinsjes, nei in ienheidssteat. In protte fan de herfoarmings dy't yn de Bataafske tiid trochfierd binne, binne nei de fal fan de Bataafske Republyk behâlden. Nettsjinsteande de anti-orangistyske hâlding fan de Patriotten waarden in protte fan harren politike herfoarmings oernommen ûnder it regear fan Willem I.
 
Oars as yn Frankryk waarden de revolúsjonêre feroarings relatyf freedsum trochfierd. It lân wie al twahûndert jier in republyk en hie fanwegen dat net folle eallju. Ek wie yn Frankryk, nei de fal fan Robespierre, de revolúsje wilens in folle evenrediger fase yngien.
 
==Sintraal bestjoer en demokratyske herfoarmings==
De Nederlannen wiene al sûnt 1581 in republyk, mar de politike macht wie yn hannen fan in lytse poltike elite, besteande út reginten (feitlik in aristokrasy fan rike keaplju) en it hûs fan Oranje, dat sûnt 1747 it erflike amt fan stêdhâlder yn hannen hie. De reginten foarmden feitlik pleatslike oligarchyen. Dêrneist hiene de aparte provinsjes in protte autonomy, en dêrtroch koe de mienskiplike beslútfoarming somtiden jierren duorje. De Bataafske Republyk makke dan ek in oergong nei in mear sintralisearre regear en waard in ienheidssteat mei in grûnwet nei it foarbyld fan it Frânske Directoire.
 
De eardere Steaten-Generaal waarden ferfongen troch in ridlik demokratysk keazen Nasjonale Gearkomste (nederlânsk: Nationale Vergadering), de earste Nederlânske folksfertsjinwurdiging, dy't op 1 maart 1796 foar de earste kear yn sitting gearkaam.
 
Noch ear't der in nije grûnwet opsteld is wurdt de skieding tusken tsjerke en steat trochfierd. Fierder waarden de katoliken, dy't in tredde part fan'e befolking útmakken, joaden en Lutheranen tenei lykberjochtigde boarchers. Yn 1796 krije ek Drinte en Noard-Brabân de status fan provinsje en sitten yn it parlemint.Oan't dy tiid ta hiene beide gebieten gjin fertsjinwurdiging yn de Steaten-Generaal; Drinte omdat it te tin befolke wie en Noard-Brabân omdat it in katolike mearderheid hie.
 
==1798-1801==
===Earste steatsgreep (jannewaris 1798)===
Op 22 jannewaris 1798 nimme radikale unitariërs, foarstanders fan in sintraal bestjoer, it bewâld oer omdat hja ûntefreden binne mei it stadige tempo fan de demokratyske herfoarmings. Der komt in saneamd Utfierend Bewâld fan de Bataafske Republyk, dy't in grûnwet opsteld.
===Twadde steatsgreep (juny 1798)===
Op 12 juny 1798 is der in twadde steatsgreep fan mear gematigde patriotten. It Utfierend Bewâld bliuwt bestean, mar dêrneist komt der in parlemint, it saneamde Fertsjinwurdigende Lichem (nederlânsk: Vertegenwoordigend Lichaam) Yn july wurdt de grûnwet yn wurking steld.
 
Op militêr gebiet wie it nei de relatyf freedsume oername rêstich bleaun. De Republyk lei net binnen de gebieten wêr't de grutte fjildtochten har beslach krigen (Dútslân, Itaalje, Bohemen). Wol wie der yn it neijier fan 1799 in Ingelsk-Russyske ynvaazje yn de kop fan Hollân. De geallieerden kamen sawat oan Alkmaar ta, mar waarden einlings de see wer yndreaun.
 
==It Steatsbewâld (1801-1805)==
Yn septimber 1801 wurdt it Utfierend Bewâld mei help fan de Frânsen ôfset. Der komt in folle autoritêrder bestjoer mei oan it haad it Steatsbewâld. In protte âlde reginten út'e tiid fan de stêdhâlder komme werom yn it bestjoer. It ynstelde Wetjouwend Lichem hie net safolle yn te bringen. De feroarings fan 1798 waarden weromdraaid.
 
==Schimmelpenninck (1805-1806)==
Omdat de Frânsen fine dat de Bataafske Republyk Frankryk te min stipe jout yn har oarloch tsjin de Ingelsen, ynstalleart Napoleon Rutger Jan Schimmelpenninck yn 1805 as riedspensionaris (nederlânsk: raadspensionaris), feitlik in autoritêre presidint, om de útfierende macht te fersterkjen.
 
==It ein fan de Bataafske Republyk==
Yn 1806 ferlear Napoleon it betrouwen yn de Republyk en hy twong Schimmelpenninck om ôf te treden. Op 6 juny 1806 sette Napoleon de Bataafske Republik om yn it Keninkryk Hollân en beneamde syn broer Loadewyk Napoleon Bonaparte ta kening.
 
==Ynnovaasjes==
Behalve de polike herfoarmings binne der noch oare ynnovaasjes dien dy't yn letter tiden behâlden wurde binne. Ien dêrfan wie de earste offisjele stavering fan it nederlânsk troch Siegenbeek (1804).
 
==Koloanjes==
Als neuer Verbündeter Frankreichs wurde die Republik 1795 zum Feind der Koalition, der das alte niederländische Kolonialreich weitgehend schutzlos preisgegeben war. Um die überseeischen Besitzungen wenigstens in Teilen zu retten, schloss der geflohene Statthalter der Niederlande im Jahre 1796 einen Vertrag mit Großbritannien, in dem er die Kolonien in britische "Sicherheitsverwahrung" überantwortete und deren Gouverneuren die Anweisung gab, sich der neuen Hoheit zu unterstellen. Die Batavische Republik scheiterte mit ihren Rückeroberungsversuchen wie beispielsweise einer Expedition in die Kapkolonie und verlor letztlich einen großen Teil des Kolonialreiches: Guyana und Ceylon wurden durch den Frieden von Amiens 1802 britisch, die Kapkolonie blieb zwar auf dem Papier holländisch, wurde dann aber 1806 erneut, nun endgültig, von den Briten übernommen. Die übrigen Kolonien gelangten 1814 wieder unter niederländische Verwaltung.
 
==Flagge==
Im Gegensatz zu den anderen Tochterrepubliken musste sich die Batavische Republik keine neuerfundene Trikolore in Nachahmung der französischen geben. Am 14. Februar 1796 dekretierte sie die traditionelle niederländische Trikolore mit der waagrechten Teilung in Rot-Weiß-Blau (die nicht in Verbindung mit dem senkrechten französischen Blau-Weiß-Rot steht) per Gesetz zur Nationalfahne. Für die Schiffe der Kriegsmarine wurde jedoch eine Ergänzung der Flagge angeordnet, die wie folgt beschrieben wurde: „Es wird ein Feld eingefügt, die eine Repräsentation einer weiblichen Figur in einer graziösen Haltung enthält, auf einem Flecken grünen Laubs sitzend, sowie einen Speer mit dem Freiheitshut in der Hand haltend. Zu ihren Füßen sitzt ein Löwe, den Kopf zur Seite geneigt und mit einem wilden Gesichtsausdruck ausgestattet.“
Die Illustration wurde selbstständig als Bugflagge (Gösch) auf allen Kriegsschiffen benutzt.
Das Feld in der Flagge wurde 1806 mit Errichtung der Monarchie wieder abgeschafft.