Kleaster Foswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
== Skiednis ==
It kleasterterrein hat in bysûndere mar ek tryste skiednis. Yn [[1347]] binne wol twahûndert kleasterlingen stoarn oan de [[pest]]. In heale ieu letter ûntstie der skeel mei [[kleaster Klaarkamp]] fan [[Rinsumageast]]. Yn in fûle striid waarden tsjerke en toer fan Foswert yn 'e brân stutsen troch de kleasterlingen fan Rinsumageast. As ferjilding waarden letter fjouwer manlju fan fan Klaarkamp deamakke.
 
By de [[Reformaasje|tsjerklike herfoarming]] fan de [[16e ieu|sechtjinde ieu]] waarden yn Fryslân de kleasters opheft. De grûn fan Foswert gie ynearsten nei de [[Fryslân|provinsje]], mar dy hat oan it begjin fan de [[17e ieu|santjinde ieu]] in diel ferkeapje moatten troch jildpine. It kleaster Foswert waard yn [[1580]] by de [[Byldestoarm]] fernield en yn'e brân stutsen.
 
== It Amelân ==
It kleaster soe neffens in 16e ieuske [[kronyk]] lykwols op [[It Amelân]] boud wêze en yn it jier [[866]] en yn [[1066]] nei de fêste wâl ferpleatst wêze. It soe dan yn [[1580]] ôfbrutsen wêze. Neffens deselde kronyk stie op it Amelanner plak oarspronklik in Fostetimpel. Der binne op It Amelân lykwols gjin oerbliuwsels ûntdutsen fan in kleaster of timpel. De [[kronyk]] soe dêrom wol ris in skiedferfalsking wêze kinne. Dochs binne der in pear nijsgjirrige yndirekte oanwizings dy't der op wize kinne dat de kronyk in kearn fan wierheid hat. Yn it plakje [[Nes (It amelân)|Nes]] op It Amelân lizze fûneminten fan in tsjerke. De tsjerke fan Nes en it kleaster by Ferwert hienen beide [[Johannes de Doper]] as [[patroanhillige]], en it kleaster Foswert hie lân op It Amelân. By ûndersyk fan de fûneminten fan de Nesser tsjerke die bliken dat dy foar [[1100]] boud is, en dat dy faaks op in âlder hillichdom delset is. Boppedat leit yn de buert fan dizzedy fûneminten de saneamde [[Willibrordsdobbe]], in boarne dy't yn de oerleveringen ferbûn wie mei [[Redbad]] en tinken docht oan dy op [[Helgolân]].
 
[[Kategory:Ferwert]]