Anders Minnes Wijbenga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 3:
'''Anders Minnes Wijbenga''' ([[Nijewier]], [[25 oktober]] [[1881]] - [[Easternijtsjerk]], [[9 septimber]] [[1948]]) stiet bekind as de doarpsdichter fan [[Nijewier]]. Fan syn fak wie er [[komelker]]/gernier en tige frysksinnich.
 
Hy skreau yn it begjin fan de [[20e ieu]] wol gauris yn it [[Frysk Deiblêd]], de [[Dokkumer Krante]] en Fryske tiidskriften sa as 'Yn us eigen taal' en 'Stim fan Fryslan'. Sa skreaudskreau er yn 1907 yn it Frysk Deiblêd it feuilleton ''Us libben yn Teltsjegea'', under de namme ''Fetze Greidema'' en ûnder ''In Fryske Jongen''.
 
Yn 1908 wie hy ien fan de oprjochters fan it [[Kristlik Frysk Selskip]]. Yn dat selskip hat hy tige warber west. Yn 1923 binne syn psalmberimings yn opdracht fan it Selskip útjûn yn it Fryske psalmboek. It doel wie om dat yn 'e tsjerke te brûken. It hat lang sa west dat yn Fryske tsjinsten psalms en gesangen allinnich yn it [[Nederlânsk]] songen waarden. De bondel fan Wijbenga is net yn de tsjerken ynfierd. De beriming fan [[Fedde Schurer]] waard better fûn. Yn 1930 kaam der in bondeltsje fan Wijbenga's gedichten út mei as titel: 'Libbensgong'. Hy wie ek foarsitter fan de [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] ([[KFFB]]), dêr't er ta syn dea yn [[1948]] mei dwaande west hat. Nei syn dea yn 1948 is it bêste wurk fan Wijbenga sammele yn de bondel: 'Ljocht oer it fjild'.
Rigel 9:
Wybenga is begroeven op it hôf fan [[Wetsens]]
 
== Wurk fan Anders Minnes ==
* Loddespitten (1911).
* Foar de fûst wei, foardrachten foar Fryske gearkomsten (Snits: Osinga, 1914).
* Libbensgong (1930).
* Yn 'e nije pronk, karsamling stimmige en fleuriche foardrachten (Dokkum: Schaaf, 1932).
* It Soenhús, in histoarysk forhael út East-Dongeradiel (1937 - nûmer 3 yn de rige fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek)
* [[Ropta]], syn mounle, syn skiednis, 1836-1936 (Dokkum: Kamminga, 1937).
* Fryske Folksdichters (Boalsert: Osinga, 1945), hjirin stean in tolvetal fan syn gedichten.
* Ljocht oer it fjild, fersen fan lân en bedriuw ([[Assen]]: van Gorcum&Comp. n.v., 1950).
* Alderheljen, wurk fan A.M. Wybenga (Boalsert : Osinga, 1970), co-auteur Doede Wiersma.
 
{{DEFAULTSORT:Wijbenga, Anders Minnes}}