Jelle Zwart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Jelle Zwart''' (Ljouwert, 6 septimber 1926) is in Frysk dichter. == Biografy == Hoewol't Jelle Zwart yn Ljouwert berne, groeide er op yn [[Dokk...
 
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Jelle Zwart kin mei rjocht in letbloeier neamd wurde, hy debutearre pas yn 2004. Dat wie mei it fers ''Dyn lytse flecht'' yn de Fryske Skriuwerskalinder. Yn dat selde jier wûn er de [[Rely Jorritsmapriis]] mei it fers ''Inkel sân''. Doe't er yn 2006 79 wie, ferskynde syn debútbondel ''Sân skeppen sâlt'' by útjouwerij [[Frysk en Frij (útjouwerij)|Frysk en Frij]]. Hy wenne lange tiid mei syn frou yn de pastory fan [[Deinum]], letter ferhuzen se nei [[Snits (stêd)|Snits]]. Doe skreau er al fersen, mar hie net it doel om dy ek út te jaan. Doe't er him mear weromlutsen hie út bestjoerlike funksjes, sette er him mear op it dichtsjen ta. Dêrfoar folge hy trije kursussen skriuwen fan poëzij, de earste by Remco Ekkers, dêrnei by [[Albertina Soepboer]] en as lêste by [[Tsjêbbe Hettinga]]. Troch dy kursussen en it winnen fan de Rely Jorritsmapriis waard er ynspirearre om troch te gean mei it dichtsjen. Fan 2004 ôf stiene der dan ek geregeld fersen fan syn hân yn [[Hjir]], [[Farsk]] en letter [[Ensafh]].
 
Syn debútbondel befettet 100 fersen. De titel ''Sân skeppen sâlt'' stiet foar dingen lykas taal, it lân, it folk, it eigen, it skôgjen en it wêzen. Zwart lit sjen dat er ek midden yn de aktualiteit stiet troch it gedicht ''O Azië'' oer de [[tsûnamy]] yn [[Aazje]]. Trije jier nei syn debútbondel ferskynde de twadde bondel ''De wite hoed'', ek by Frysk en Frij. Dy bondel befettet mear leafst 130 fersen, mei 172 siden. Op dit stuit is er dwaande mei syn tredde bondel.
 
== Bibliografy ==