Lauwersmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fotos en red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Satellite image of Lauwersmeer, Netherlands (6.21E 53.36N).png|thumb|right|300px|Lauwersmar]]
[[Ofbyld:Lauwersmeer1.jpg|thumb|Lauwersmar]]
[[Ofbyld:Lauwersmeer2.jpg|thumb|Lauwersmar]]
[[Ofbyld:Lauwersmeer3.jpg|thumb|Lauwersmar]]
De '''Lauwersmar''' is in [[mar]] op de grins fan [[Fryslân]] en [[Grinslân]]. De mar is op [[23 maaie]] [[1969]] ûntstien troch it ôfsluten fan de [[Lauwerssee]] mei in 13 km lange [[daam (wetterkearing)|daam]]. By it ôfsluten fan de see ûntstie net allinnich in grut mar, der kaam ek in protte nij lân by. De eardere Lauwersee waard benammen brûkt om te fiskjen en it wie in wichtich natoergebiet. De Lauwersmar wurdt sûnt de ôfsluting brûkt foar rekreaasje, lânbou, en as oefenterrein fan definsje. In grut part fan it gebiet is ek ynrjochte as natoergebiet.
 
Line 13 ⟶ 16:
By leech wetter op de Waadsee kin it wetter út de Lauwersmar troch trije grutte silen op de Waadsee lost wurde. Oan de eastkant fan dy silen leit de slûs wêrtrochhinne de skippen de Waadsee op komme kinne.
 
== Natuergebiet ==
[[Ofbyld:Lauwersmar kollumerwaard de baak.jpg|thumb|300px|''Kollumerwaard mei útsjochtoer De Baak'']]
It grutste part fan de Lauwersmar is ynrjochte as natoergebiet. Oan de westkant leit de [[Ezumakeech]]. Earst ynrjochte foar de lânbou en letter wer ûnder wetter set is dit in útsonderlik gebiet dêr't men geregeldwei bysûndere fûgels sjen kin. Fierder binne der grutte natoergebieten op de [[Kollumerwaard]] en de [[Balastplaat]]. Yn in protte fan dizze natoergebieten rinne [[Skotse Heechlanner]]s en [[Konik-hynder]]s dy't troch te gerskjen it gebiet iepen hâlde en sa tefoaren komme dat der allinnich mar bosk oerbliuwt. Op [[12 novimber]] [[2003]] is de Lauwersmar offisjeel ynsteld as [[nasjonaal park]].
 
== Rekreaasje ==
De Lauwersmar kin goed brûkt wurde troch de wettersport. By [[Lauwerseach]] oan de binnenkant fan de dyk leit in grutte jachthaven oan it [[Nije Robbegat]]. Ek binne der ferskate rekreaasjeterreinen oan it wetter fan de Lauwersmar geskikt om te swimmen en wynsurfen. Fierder is der by Lauwerseach in kamping en binne der bungalowparken by Lauwerseach, by de Ballastplaat en by [[De Skâns (Dongeradiel)|De Skâns (Oostmahorn)]]. Ek de natoergebieten binne meastentiids ynrjochte foar toeristen, mei kuierrûtes en [[fûgelkykhutten]].
 
== Definsje ==
Yn it Lauwersmargebiet wiene twa grutte terreinen reservearre foar definsje. It oefenterrein [[Marnewaard]] oan de eastkant fan de Lauwersmar is sa'n 1.600 hektare grut. It bestiet út in oantal bosken en in grutte iepen flakte. Op it terrein leit ek noch it oefendoarp [[Marnehuzen]], en oan de súdkant fan it terrein stiet de [[Willem Loadewyk fan Nassau-kazerne]].
 
It twadde terrein is oan de súdeastkant. Dit part fan de Kollumerwaard waard ynrjochte as sjitterrein. Foardat definsje gebrûk makke hie fan dit terrein wie it al oerstallich, en it is no part fan it natuergebiet.
 
== Lânbou ==
It gebiet dat brûkt wurdt foar de lânbou leit benammen yn it suden fan it Lauwersmargebiet, oan de súdkant fan de [[Kwelderwei]]. Fierder noch in stripe lân oan de eastkant fan de eardere Lauwerssee.
 
== Fiskerij ==
Lauwerseach hat in grutte fiskershaven mei in [[fiskôfslach]]. Dizze haven hat de havens en ôfslaggen yn Sâltkamp en Dokkumer Nije Silen ferfongen.
 
== Yndustry ==
Yn de Kollumerwaard leit neist it eardere sjitterrein ek noch it terrein fan de firma [[Muiden Chemie]], dêr't in skoft in krûdfabryk west hat. Der hawwe ferskate plannen west om in oare funksje oan it terrein te jaan, bygelyks in [[fjoerwurk]]opslach of in [[pretpark]], mar dat is oan't no ta noch net slagge.
 
== Keppeling om utens ==
==Sjoch ek==
* [http://www.lauwersmeer.org/?username=gast@nationaalpark.nl&password=9999| Nasjonaal park Lauwersmar]