Fjouwerhûs (Reahel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling, boarne: http://www.plaatsengids.nl/vierhuis
Rigel 1:
[[Ofbyld: Vierhuis (Rohel) 04m.JPG|thumb|right|300px|Fjouwerhûs]]
'''Fjouwerhûs''' is in [[buorskip]] yn de gemeente [[Skarsterlân]]. Fjouwerhûs leit oan de [[Marwei]] besuden [[Rotsterhaule]], net fier fan de [[Tsjûkemar]]. Der leit in betonwei nei [[Allingawier]] en hy leit oan it trochgeande fytspaad nei [[Parregea]]. Hy stiet al oanjûn op in kaart fan [[1718]] fan Bernardus Schotanus á Steringa. Hy is in terp oan de eardere Makkumermar dy't yn [[900]] ûntstean wêze moat. Der moat ek al in mole stien hawwe. Oant begjin [[20e ieu]] stienen dêr fjouwer huzen: twa pleatsen en twa arbeidershúskes. Yn 2008 binne allinnich de beide pleatsen noch oer.
De buorskip Fjouwerhûs is swier teistere troch de oerstreaming fan febrewaris 1825.
 
It âlde gemaal by Fjouwerhûs is ferfongen troch twa nije gemalen. De pompkapasiteit is dêrtroch ferbettere. It gebiet 'De Skarlannen' hat no in ferlege peil krigen.
 
Foar 30 juny 1934 foel de buorskip ûnder de gemeente [[Skoatterlân]]. Per 1 july 1934 gie it oer nei de gemeente Haskerlân. Yn 1984 gie it grutste, noardlike gedielte oer nei Skarsterlân en it súdlike mei it doarp [[Dolsterhuzen]] nei de gemeente Lemsterlân. It diel ûnder Lemsterlân hat mar in pear huzen, mar hat wol wite plaknammebuorden, krektas it diel ûnder Reahel.
 
{{Koördinaten|52_54_30_N_5_50_42_E_region:NL_type:building|52° 54' NB 5° 51' EL}}