Lieuwe Pietersen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
wurk
Rigel 2:
'''Lieuwe Pietersen''', ( [[Deinum]] (Skinkeskâns), [[4 desimber]] [[1928]] ) is in Frysk skriuwer, learaar en sosjolooch.
Nei in stúdzje lichaamlike opfieding waard er gymnastyklearaar oan syn eardere middelbere skoalle, de Ryks-HBS oan it Saailân yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Hy hat fjirtich jier as learaar oan dy skoalle ferbûn west. Letter studearre er [[sosjology]] oan de universiteit fan Grins. Lieuwe Pietersen hat ek bestjoerslid en propagandalieder fan de Fryske Bibleteek west. Yn 1972 wie er ien fan de inisjatyfnimmers fan de sutelaksje fan [[It Fryske Boek]].
 
Syn earste publikaasje wie ''Friesland in en rond het perk'' út [[1956]]. Twa jier letter folge troch ''Skûtsjesilen''. It bekende ''Sociologie van de sport'' kaam yn 1961 út. Hy wie yn 1969 de earste wittenskipper dy’t in serieus ûndersyk die nei de posysje fan it Frysk. De útkomsten fan dat ûndersyk publisearre er yn it boek ''De Friezen en hun taal'' (1969). Syn oare grutte publikaasje op dat mêd, ''Taalsociologie'' (1976), is sûnt it ferskinen ferplichte literatuer foar studinten fan de learareoplieding Frysk.
 
De earste romans wiene yn it Hollânsk: ''Femke B.'' (1984) en ''Draaiers mythe'' (1991). Dêrnei stapte er oer op it Frysk. Syn roman ''It fergryp'' waard yn [[1998]] bekroand mei in priis yn de romanpriisfraach fan de [[KFFB]]. Yn al syn boeken giet de haapersoan op syk giet nei eat dat der yn har ferline bard is.
 
Pietersen skriuwt al syn boeken foar de KFFB en is dêryn tige produktyf. Meastentiids ferskynt der om de twa jier in boek fan syn hân. It nijste wurk is útkommen yn maaie 2012, it hat de titel ''De ûntfiering'' en is in misdieroman.
 
== Wurk ==
=== Romans ===