Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]]
Rigel 4:
Is hikke en tein yn Burgum en gie nei it kristlik gymnasium (no Beyers Naudé) yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ferhuze yn 1994 nei [[Grins (stêd)|Grins]] en studearre dêr Frysk. Siet by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef. Nei in jier oan de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert begûn er yn 1998 oan in stúdzje Frysk oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Studearre yn [[2002]] ôf yn de rjochting Midsieusk Frysk en Taalskiednis. Krige de skripsjepriis fan de Fryske Akademy foar syn skripsje oer hoe't yn it Aldfrysk it begryp ''wei'' oantsjut waard.
 
Wurke tusken 2002-2004 foar de [[Fryske Akademy]], oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de [[Alde Druk]], út 1484-1486. Yn 2004-2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn it Dútske Kiel it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' (2008). Hofmann, de oarspronklike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer it [[Aldfrysk]], leksikografy en de skiednis fan it Frysk. Yn 2008 begûn Popkema mei in Fryske taalburo yn syn wenplak Grins: Taalburo Popkema, dat him spesjalisearret op oersetten fan en ûndersyk nei it Frysk.
 
Anne Popkema hat altiten al niget hân oan it oersetten nei it Frysk ta. Under syn wittenskiplike wurksumheden sette er al ûnderskate stikken oer, lykas ''Ik pak myn bibleteek út'' fan de Joadsk-Dútske kultuerfilosoof [[Walter Benjamin]]. Earder al is er begûn mei it oersetten fan it boek ''The Hobbit'' fan [[J.R.R. Tolkien]], dat yn [[2009]] ferskynde. Yn 2011 ferskynde der fan dy oersetting ek in audioboek, dat ynsprutsen is troch Popkema sels. .
Rigel 13:
 
== Oersettings [seleksje] ==
Makke yn 2009 in oersetting fan [[J.R.R. Tolkien]] syn ''The Hobbit''. Wurket yn 2012 oan in oersetting fan ''De mearkes fan Grimm''
* ''Ik pak myn bibleteek út'' ( [[Walter Benjamin]], 2004 )
* ''De harksizzer. Fyftjin karaktersketsen'' ([[Elias Canetti]], 2007)
* (Dielen fan) Goffe Jensma e.o. ''De kanon fan Fryslân yn 11 en 30 finsters''. Afûk. Ljouwert (Fryske parallelútjefte fan: ''De canon van Friesland yn 11 en 30 finsters. (2008)
* ''De Hobbit'' (J.R.R. Tolkien, 2009)
* ''That´s Alright Momma'' ( Iepenloftspul Dronryp, 2010)
* Fryske [[Donald Duck]] (april 2012, Afûk y.g.m. Sanoma)
 
== Wittenskiplike publikaasjes [seleksje] ==