Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 34:
Om Hallum hinne leinen alear in protte staten. De wichtichste wie [[Goslingastate (Hallum)|Goslingastate]]. Dy wie 2½ bunder grut. Nei de Goslinga's is it oergien nei de Roorda's. Dy waarden wer opfolge troch de Burmania's. Yn 'e rin fan de tiid is der in pleats foar yn 't plak kommen.
 
In oare state wie [[Sythiemastate|Sytsjemastate]]. Dy wurdt yn [[1307]] al neamd as wenplak fan Oene Sytsjema, [[grytman]] fan Ferwerderadiel. Letter binne dêr de Burmania's kommen. Sytsjemastate is yn 1898(?)1798 ôfbrutsen. Tsjin [[Hijum]] oan lei [[Ondersmastate]], better bekend as it Hûs fan Berou. Yn de [[16e ieu]] is dêr in nije state boud. Yn 1800 wie dy al wer ôfbrutsen. Dan wienen der noch [[Feitsmastate (Hallum)|Feitsmastate]] en [[Jayemastate]]. Op Jajemastate hat Schelte Jajema wenne. Hy is yn [[1228]] omkommen yn in gefjocht. De nammen fan de staten wurde yn ‘t ûnthâld holden troch strjitnammen.
 
== Tsjerken ==