Arminius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 23:
De troepen fan Germanikus wurde yn in mûklaach lokke, net fier fan it stee dêr't Farus de slach ferlear en Germanikus kin mar krekt in ramp foarkomme. Underwillens ([[15]] n. Kr.) is de simmer al sawat foarby en moat er de efterfolging ôfbrekke om werom te keare kinnen nei syn winterkwartieren. Op dy weromreis wurdt Kaesina, ûnderbefelhawwer, dy't op wei wie nei [[Castra Vetera]] ([[Ksanten]]) by de ''Ponti Longi'' (lange brêgen), troch Herman oerfallen. Kaesina kin mar krekt ûntkomme.
 
It jier dêrop folgjend organisearet Germanikus in noch gruttere fjildtocht. Hy lit tûzen skippen bouwen en falt no oan oer de ''Oseaan'' (de [[Noardsee]]) en de mûning fan de Iems, wêrby de Sjauken en Friezen help oanbeane. By de Weser komt it het eerst ta it boppeneamde striidpetear tusken Arminius en syn broer Flavus en letter ta in fjildslach op de flakte fan Idavisto, beëasten de Wezer. Germanikus behellet de oerwinning en driuwt de Germanen op de flecht. Herman Arminius rekket net mar Inguiomerus rekket swier ferwûne. By de Romeinen wurdt sein dat de [[ChaukenSjauken]] Arminius ûntkomme litten hawwe.
 
== Herman en Marbod ==