Boyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Tsjerke: fan de gemeenteside
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 13:
'''Boyl''' ([[Stellingwerfsk]]: ''Buil'') is in [[doarp]] yn it easten fan de gemeente [[Weststellingwerf]], noardeastlik fan [[Wolvegea]]. Yn it doarp wurdt almeast gjin [[Frysk]] praat mar [[Oertsjongersk]]. Boyl hat likernôch 870 ynwenners ( [[2007]]) en hat in tsjerke mei in [[klokhûs]], in tal winkels, garaazjes en kampearterreinen en in grut tal melkerijen. It doarp leit oan de râne fan it [[nasjonaal park]] it [[Drintsk-Fryske Wâld]].
 
== Skiednis ==
Fan it doarp Boijl wurdt foar it earst yn de oarkunde fan [[9 septimber]] [[1320]] melding makke (Berkelbach van Sprengel 1937, no 458.). Ut in institúsjebrief fan [[20 juny]] [[1509]] docht bliken dat de tsjerke oan Sint Maarten wijd wie. (AAU, dl 42 (1916) blz 287). De tsjerke sûnder toer is boud yn de [[13e ieu]]. De [[Klokkestuollen yn Fryslân|klokkestoel]] komt út [[1600]] en is yn [[1904]] renovearre. Yn de tsjerke hinget in yn [[1339]] getten klok, mei de namme Martinus. De tsjerkeklok yn de klokkestoel is ien fan de âldste fan Nederlân, en hat as [[râneskrift]]: ''Ende Lut bequame, Martines Klock is mijn name. In't jaer van ons Heeren 1399.''
 
Van der Aa (diel 2 bls. 369) seit oer de situaasje yn it doarp omtrint 1850: 'van dit dorp ligge de huizen, ter wederzijde van de kerk, in het geboomte verspreid. Men telt, met de daaronder behoorende buurtjes Boekholt en Rijserpekamp, 300 inw., alle Herv., die tot de gemeente Noordwolde - en - Beuil behooren, en hier eene kerk zonder toren hebben'.
 
== Namme ==
Boijl kin har namme oan ferskillende saken ûntliend hawwe. It is lestich, omdat it op âlde kaarten skreaun wurdt as Buil, Beul en as Beuil. Wylst it yn de foarlopige banbrief fan biskop Guydo fan Utert yn de fjirtjinde ieu sels Boylo neamd wurdt. Mooglik hat men it Beul neamd (lykas de bewenners it no noch neame) nei beulje = hurd wurkje. Hurder as normaal, omdat de grûn dreger as earne oars te bewurkjen wie. It kin ek buil wêze = beult, as it lykas no noch heger as de omjouwing lei. Net sa frjemd, want fanwege de oerstreamingen fêstige men him leaver wat heger. It kin ek komme fan it âldfryske beile, it Fryske bule of Nederlânske bûl dat rûning, swelling betsjut. Dat it yn boskryk gebiet lei tsjut it lo = bosk út it neamde Boylo oan.
 
Rigel 24:
Op dit momint binne yn Boijl 21 strjitten, allegear mei in eigen skiednis of betsjutting.
 
== Tsjerke ==
[[Ofbyld:Klokkenstoel Boijl 06.JPG|left|thumb|120px|''Klokkestoel fan BoyBoyl''l]]
[[Ofbyld:Kerk Boijl.jpg|thumb|''Tsjerke fan [[Boijl]]Boyl'']]
De tsjerke sûnder toer is út de [[13e ieu]]. It klokhús is út [[1600]] en is yn [[1904]] renovearre. De klok yn it klokhús is ien fan de âldste in Nederlân, mei it râneskrift: ''Ende Lut bequame, Martines Klock is mijn name. In't jaer van ons Heeren 1399.'' (''''En lied tûk, myn namme is Martinus' klok. Yn it jier fan ús Hear 1399.'')
Op 20 juny 1509 is de ynstitúsje fan Lambertus Alteti ta de St. Martinusparochytsjerke yn ''Boilo'', fakant troch de dea fan Reynerus, krêftens presintaasje fan hartoch George fan Saksen, mei befel ta ynbesitstelling ''bepaaldelijk aan den deken
Hinricus ten Velde te Vollenhoe''. Blykber mochten de parochianen net sels oer de amten beslisse. De Martinustsjerke fan Boyl hie ek in fikary dy't wijd wie oan Sint Anne.
 
== Mienskip ==
[[De Tille (Boyl)|De Tille]] is it doarpshûs fan Boyl. De iepenbiere [[Dalton]]skoalle hjit Oosterbrink. Ien kear yn't jier is it Hökenfeest.
 
=== Befolking ===
*[[1954]] - 1073
*[[1959]] - 983
Rigel 45:
* [[VMC]] - motorklub
 
== Strjitten ==
Alteveerswei, [[Bekhof]]wei, [[Boekelte]]rwei, Boylerwei, Boschoordwei, De Brink, De Daoken, De Griene Seam, Doldersumsestrjitte, Dwersfeartwei, Eastfjirdeparten, Klokkewei, Meulepolle, Meuleveldwei, Reewei, Rysberkamperwei, Skoalleleane, Tsjerkewei, Verwerswei, Veurmanswei.