Auck Peanstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
MeinRei (oerlis | bydragen)
útwreide
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Yn [[Grou (plak)|Grou]] gie Peanstra nei de legere skoalle, dêrnei gie se nei de mulo. Doe't se dêr slagge wie, die se de oplieding ta beukerliedster en helle de L.U.-akte Frysk. Se wurketwurke as skoaljuffer yn it basisûnderwiis, dat begûn yn [[Bitgummole]] dêr't se har ek te wenjen sette. OpNei't ditse stuitbern (2007)krigen oanhie, dejoech IBSse Martenaskoallehar fêste baan op en wurke faak as ynfalkrêft. Nei in pear jier as faklearkrêft Frysk wurke te hawwen, wurke se yn [[Bitgummole]]dieltiid yn groep 2. Yn 2011 hat se it ûnderwiis oerjûn en sûnt leit sy har ta op it skriuwen en it jaan fan lêzings oer har wurk, op skoallen en by ferienings.
 
Skriuwe hat Peanstra eins altiten al dien, it begûn fral mei fersen dy't ûnder oare yn de [[Ljouwerter Krante]] publisearre waarden. Doe't de bern grutter waarden, krige se mear tiid om te skriuwen. Se skreau doe ferhalen foar bern en jongerein, yn 1991 debutearre se mei in ferhaal yn in sammelbondel foar bern, útjûn troch de [[Afûk]]. Yn 1993 ferskynde har earste boek: ''Melle moat in bril'', by de [[Koperative Utjouwerij]]. Dêrnei folgen der hast alle jierren nije boeken foar bern en jongerein. Yn 1998 krige se de [[Simke Kloostermanpriis]] foar it boek ''Yn piama de dyk oer'', yn 2001 en 2007 folgen twa nominaasje foar dy priis. Ek krige se twa kear de [[Sulveren Spjelde]] fan de Fryske Berneboekesjuery.
Auck Peanstra is benammen bekend as skriuwster fan [[berneboek]]en mar se skriuwt ek wolris foar folwoeksenen. Njonken it [[proaza]] dat se skriuwt wurke se as skriuwster ek mei oan de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis: [[Studio F]]. Fierder is se ien fan de skriuwsters fan de [[Tomke lêsbefoardering|Tomke]]-boekjes. Ek skriuwt se - al of net yn de mande mei oaren - revueteksten. Se wurdt gauris frege as [[ferhaleferteller]].
 
Auck Peanstra is benammen bekend as skriuwster fan [[berneboek]]en, mar se skriuwt ek wolris foar folwoeksenen. Yn 2002 kaam har earste roman út, ''Elske din datter''. Yn 2007 folge dêrop ''Sitebuorren, myn eigen paradys''. It boek waard trije kear werprinte en it fertelt har oantinkens oan har jeugd yn [[Sytebuorren]], dat leit op in eilân tusken Grou en Aldegea. Yn 2008 krige se foar dat boek de [[Rink van der Veldepriis]]. Yn 2011 kaam har tredde roman by de Afûk út: ''Skamte''. It boek is fiksje mei autobiografyske eleminten
De lêste jierren wurke se yn dieltiid yn groep 2. Yn 2011 hat se it ûnderwiis oerjûn en sûnt leit sy har ta op it skriuwen en it jaan fan lêzings oer har wurk, op skoallen en by ferienings.
 
Njonken it proaza dat se skriuwt, wurke se as skriuwster ek mei oan de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis: [[Studio F]]. Fierder is se ien fan de skriuwsters fan de [[Tomke lêsbefoardering|Tomke]]-boekjes. Auck Peanstra en [[Riemkje Pitstra]] soargje tegearre foar de teksten fan de ferhaaltsjes foar de televyzje en de byhearrende boekjes, dy't om in beskaat tema hinne skreaun wurde. [[Omrop Fryslân]] stjoert de bewurke ferhaaltsjes út. Ek skriuwt se - al of net yn de mande mei oaren - revueteksten. It [[iepenloftspul]] fan [[Dronryp]] hat twa stikken fan har hân opfierd: ''De stiennen ûlebuorden'' (1997) en ''Lidewij'' (1999). Se wurdt gauris frege as [[ferhaleferteller]].
 
== Bibliografy ==
Line 50 ⟶ 52:
* 2007 : ''Sitebuorren myn eigen paradys'' (3e pr. 2008)
* 2011 : ''Skamte''
 
== Prizen ==
* 1998 : [[Simke Kloostermanpriis]] foar ''Yn piama de dyk oer''
* 1998 : [[Sulveren Spjelde]] foar ''Yn piama de dyk oer''
* 2006 : Sulveren Spjelde foar ''Alles foar in sint''
* 2008 : [[Rink van der Veldepriis]] foar ''Sitebuorren, myn eigen paradys''
 
{{Boarnen|boarnefernijing=