Frysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 43:
 
== De Fryske standerttaal ==
{{Apart|Fryske stavering}}
Yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde en de earste helte fan 'e tweintichste ieu is de Fryske standerttaal gearstald. By de standerdisaasje fan it Frysk hawwe it Wâldfrysk, as grutste dialekt, en it Klaaifrysk, dat fanâlds de heechste status hie, fierwei de measte ynfloed hân. It Súdhoeksk waard frijwol bûten beskôging litten, wylst de fjouwer lytse dialekten hielendal negearre waarden. Dochs bestiet der yn it Frysk in, foar in standerttaal, tige ûngewoane karfrijheid wat it wurdgebrûk oangiet.