Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
Mei de '''Fryske stavering''' is de [[stavering]] fan de [[Standertfrysk|Fryske standerttaal]] ornearre. De stavering dy't it Frysk hjoed-de-dei brûkt is de [[Steatestavering]] fan 1980.
 
=== RunenFoech ===
Yn 1969 hat Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten.
 
== Skiednis ==
{{Apart|Skiednis fan de Fryske stavering}}
=== Runen ===
Mei de [[Anglofryske runen]] waard de Fryske taal yn de iere midsieuwen foar it earst werjûn mei tekens. It it Anglofryske ''[[Futhark]]'' hat mear tekens as it Skandinavyske en is dêrom maklik werom te kennen, sels as de runen fier bûten Fryslân fûn binne.
{{Apart|Anglofryske runen}}
It Proto Frysk is oerlevere op in lyts tal rune-ynskipsjes. It saneamde ''f.u.th.a.r.k'' is by de runen it ABC fan it Latynske alfabet dat it Frysk al brûkt sûnt it Aldfrysk. De teksten dy't oerlevere binne kinne net altiten like maklik ynterpertearre wurde. Dúdlik is al hokker runen yn de tradysje fan de Anglo-Fryske runen stean. Benammen út Skandinaavje wei binne wat langere teksten yn runeskrift oerlevere. Troch feroarings yn de taal hat it needsaaklik west om yn Fryslân en Ingelân guon oanpassings yn it ''Futhark'' troch te fieren. Sa binne de Anglo-Fryske ynskripsjes maklik werom te kennen, sels as se fier bûten Fryslân fûn binne.
[[Ofbyld:RunenWesteremden.jpg|thumb|center|500px|Frysk runestêfke út Westeremden]]
 
Sûnt it [[Aldfrysk]] wurdt it Frysk stavere mei it Latynske alfabet. De krekte staveringsregels fan it Aldfrysk binne net bekend, mar yn it grut tal oerlevere rjochtsteksten is om 1450 wol in feroaring (modernisearring) yn de skriuwtaal te fernimmen. Nei 1550 is it Frysk winliken gjin skriuwtaal mear. As de renêssânse-dichter [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) yn it Frysk begjint te skriuwen nimt er in folslein oare, troch him sels makke, stavering foar kar.
=== Aldfrysk ===
{{Apart|Aldfrysk}}
Ornaris wurdt foar it Frysk alles foar 1550 ta it Aldfrysk rekkene. Lykwols set koart foar it jier 1400 in feroaring (modernisearring) yn. Dy modernisearring yn de skriuwtaal soe neffens guon saakkundigen it begjin fan it Midfryske tiidrek wêze. It Midfrysk dat trochstrings it tiidrek fan 1550-1800 beslacht wurdt dan troch dyselde saakkundigen it tiidrek fan it iere Nijfrysk neamd.
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Untjouwing fan de Aldfryske skriuwwize'''
|-
|Aldfrysk (1300)||Aldfrysk (1450)||Nijfrysk (no)
|-
| wesa || wessa || wêze
|-
| thet || dat || dat
|-
| hia || hyae || sy/hja
|-
| word || wird || wurd
|-
| hwat || haet || wat
|}
</center>
Oars as it Proto Frysk wurdt it Aldfrysk al sûnt it ferskinen fan de earste rjochtsteksten skreaun mei it Latynske alfabet. Yn de 16e ieu ferdwynt it Aldfrysk as skriuwtaal. Dat hat te krijen mei frjemde hearskers dy't it bewâld oer de Fryske lannen krije. Yn it bestjoer is dan gjin plak mear foar it Aldfrysk.
 
Yn de 19e ieu lizze de [[bruorren Halbertsma]] de grûnslach foar de moderne Fryske stavering. De [[Selskipsstavering]] fan 1879 wie de earste stavering fan it Frysk dy't kollektyf fêstlein wie. In bewurking fan dy stavering wie de [[Akademystavering]] fan 1945. Yn 1969 waard troch Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat dy stavering tenei as offisjele stavering fan it Frysk jilde soe. De lêste staverinsferoaring, de [[Steatestavering]], is fan 1980.
=== Gysbert Japiks ===
{| align="right" width="40%" style="background:#efefef; margin-left:10px; margin-top:10px" class="toccolours"
|-
! align="left" | In priuwke fan Gysbert Japiks syn skriuwwize
|-
|<small>"Myn hert dat trillet my, it iz nin rôy!"</br>"Heal dea! heal dea trog Minn'-fjocht', Ljeafke!"</small>
|}
De taal en stavering fan [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) syn wurk wie de grûnslach fan de hjoeddeiske Fryske skriuwtaal.<ref>[http://www.gemeentenenfrysk.nl/index.php?NewsId=20 gemeentenenfrysk.nl] Fryske skriuwwize Boalsert as earbetoan</ref> Japiks makke in eigen stavering dy't fier fan de Aldfryske stavering (foar 1550) ôf stie. De reden dêrfan is net mei wissigens te sizzen. Skriuwendewei tocht er nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels fan Japiks binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29 11en30.nu] Gysbert Japiks</ref>
 
It skreaune Frysk fan de 19e ieu liket alteast noch foar in part op de stavering fan Japiks: sawol Japiks as njoggentjinde ieuske skriuwers skriuwe <ho> op plakken dêr't hjoed-de-dei <hoe> skreaun wurde soe. Foar de stavering fan Gystert Japiks binne konverzjeregels te betinken lykas by wurden as <mey> en <eyn> (hjoed-de-dei <mei> en <ein>).
 
=== 19e ieu: De Halbertsma-stavering & de Idunastavering ===
{| align="right" width="40%" style="background:#efefef; margin-left:10px; margin-top:10px" class="toccolours"
|-
! align="left" | In priuwke fan de Idunastavering, út it tydskrift Iduna
|-
|<small>"Dy forhirde sin herte yette mear, end alle thinkbilden oan sin alden, oan sin susters, oan sin alde heiteland bleawen fir fen him."</br>"Hjirnei joech er sin trouste tsienners bifel um hiar to wapenjen, end reisge nu mei hiar, sa tel as er koe of end kaem mei en statie, krekt as er en kening wier, mei sin stoet to Romen oan."</small>
|}
Yn de earste helte fan de 19e ieu kaam der mei de [[Romantyk]] mear omtinken foar it [[Frysk]] as skriuwtaal. De [[bruorren Halbertsma]] hienen foar harren teksten de stavering fan Gysbert Japiks fierder ûntwikkele en ta-eigene. Mei de eigen stavering begûn [[Joast Hiddes Halbertsma]] mei it skriuwen fan in Frysk-Latynsk wurdboek ('"Lexicon Frisicum"), mar makke gjin dien wurk.<ref>[http://itnijs.nl/2011/07/in-grut-frysk-latynsk-wurdboek/ It Nijs] In grut Frysk-Latynsk wurdboek (4 july 2011)</ref>
 
[[Harmen Sytstra]] ûntworp in eigen stavering foar it Frysk, de Idunastavering, nei in idee fan De Haan Hettema. Dy stavering die sterk tinken oan dy fan de midsieuske Fryske wetsteksten. Dat kaam him op in protte krityk te stean en fûn gjin neifolging. It soe te fier fan it deistich Frysk ôfstean, dêr't Halbertsma syn stavering wol op basearre hie.
 
=== Selskipstavering (1879 oant 1945) ===
1879 wie in wichtich jier foar de ûntjouwing fan de Fryske stavering. Yn dat jier waard de earste offisjele stavering fan it Frysk kollektyf fêstlein troch it '[[Selskip 1844]]'. Dy stavering bout fierder op de stavering fan de Halbertsma's. Dêrneist wurde der eleminten út de Nederlânske stavering helle lykas de <oe>; yn hast alle oare Germaanske talen wurdt it teken <nowiki><u></nowiki> foar brûkt. De stavering grypt ek werom nei it Aldfrysk, lykas by it skriuwen fan in <h> yn <hwa>, dy't nei alle wierskyn net oerienkaam mei de 19e-ieuske útspraak. De <o> yn <to>, no it wurdsje <te>, wie yn de njoggentjinde ieu noch wol te hearren. Dat wie ek sa mei it wurd <fan> dat foar 1945 noch as <fen> skreaun waard.
 
Yn 1879 namen deputearre steaten fan Fryslân beslút dat der in folslein wurdboek Nederlânsk-Frysk ("Friesch Woordenboek") fan it [[Nijfrysk]] komme soe, mei as útgongspunt it "Lexicon Frisicum" en it oan 'e provinsje Fryslân neilitten wurdboekmateriaal fan Halbertsma. [[Waling Dykstra]] brûkte de Halbertsma-stavering al yn syn boeken. Hy waard ek de skriuwer fan it nije wurdboek fan deputearre steaten. It earste diel kaam út yn 1900 en it tredde en lêste diel yn 1911. Troch publikaasjes fan skriuwers en it ferskinen fan Fryske wurdlisten en [[wurdboek]]en kaam der yn de 19e ieu stadichoan mear ienheid yn ’e stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.gemeentenenfrysk.nl/upload/files/taalfanithertfrysk.pdf Taal fan it hert] side 12</ref>
 
=== Akademystavering (1945 oant 1980) ===
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd.
 
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Staveringsferoaring fan 1945'''
|-
|Selskipstavering (1879)||Akademystavering (1945)
|-
| det || dat
|-
| ho || hoe
|-
| hird || hurd
|}
</center>
 
By de brekking waard de kar makke om allinnich de brekking fan <oe> tenei oan te jaan mei <uo>: <stuollen> en <muorre> ynstee fan <stoellen> en <mûrre>. Lykwols waard <beammen> net feroare yn <bjemmen>.
 
Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref>
 
=== Steatestavering (1980 oant no) ===
Yn 1980 waard de Akademystavering ferfongen troch de [[Steatestavering]], of ek wol de "nije stavering". Yn de santiger hienen [[Tony Feitsma]] en [[Trinus Riemersma]] grutte plannen mei de Fryske stavering. Beide woenen se ta op in fonologyske stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> Sawol Feitsma as Riemersma skreaunen faak neffens har eigen staveringsideeën. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> Nettsjinsteande it ferset waard yn 1979 it beslút Provinsjale Steaten ta de ynfiering fan de Steatestavering per 1 jannwaris 1980.
 
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Staveringsferoaring fan 1980'''
|-
|Akademystavering (1945)||Steatestavering (1980)
|-
| hwa || wa
|-
| bitinke || betinke
|-
| fordwine || ferdwine
|}
</center>
 
De <ae> waard ferfongen troch <aa> (tenei <praat> ynstee fan <praet>) en de skriuwwize <oun> feroare yn <ûn> (<hûn>, <jûn>).
 
== Hjoeddeiske stavering ==
Line 102 ⟶ 18:
Regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen binne foar it Frysk net yn in staveringsreglemint fêstlein. Ornaris folget it Frysk de regeling dy't foar de offisjele stavering fan it Nederlânsk fêstlein is. Foar it ôfbrekken fan wurden jout it Frysk Hânwurdboek regels dy't yn 1991 troch twa [[Frisistyk|frisisten]] beskreaun binne.<ref>Sjoch by ''Stavering'' yn it Frysk Hânwurdboek, Fryske Akademy en Afûk, Ljouwert 2008</ref>
 
Sûnt de ynfiering fan de Steatestavering giet de staveringsdiskusje net sa bot mear oer de stavering, mar folle mear oer it brûken fan lienwurden en lienkonstruksjes.<ref>Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008, side 115</ref>

Foar de foarkarstavering fan Fryske wurden hawwe sawol [[GrienLinks]] as de [[Ried fan de Fryske Beweging]] in fersyk oan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân dien. Beide wolle dúdlike regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen. By betizing oer de foarkar fan skriuwwize soe in foarkarstavering dy betizing weinimme kinne as der foar ien wurd noch ferskillende farianten binne.<ref>[http://itnijs.nl/2011/08/fryske-beweging-skriuwt-brief-oer-it-griene-boekje/ It Nijs] Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje</ref>
 
=== Alfabet ===
Line 111 ⟶ 29:
 
== Sjoch ek ==
* [[Skiednis fan de Fryske stavering]]
* [[Grut Frysk Diktee]]
* [[Stavering]]