Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 9:
 
Regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen binne foar it Frysk net yn in staveringsreglemint fêstlein. Ornaris folget it Frysk de regeling dy't foar de offisjele stavering fan it Nederlânsk fêstlein is. Foar it ôfbrekken fan wurden jout it Frysk Hânwurdboek regels dy't yn 1991 troch twa [[Frisistyk|frisisten]] beskreaun binne.<ref>Sjoch by ''Stavering'' yn it Frysk Hânwurdboek, Fryske Akademy en Afûk, Ljouwert 2008</ref>
 
Sûnt de ynfiering fan de Steatestavering giet de staveringsdiskusje net sa bot mear oer de stavering, mar folle mear oer it brûken fan lienwurden en lienkonstruksjes.<ref>Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008, side 115</ref>
 
Foar de foarkarstavering fan Fryske wurden hawwe sawol [[GrienLinks]] as de [[Ried fan de Fryske Beweging]] in fersyk oan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân dien. Beide wolle dúdlike regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen. By betizing oer de foarkar fan skriuwwize soe in foarkarstavering dy betizing weinimme kinne as der foar ien wurd noch ferskillende farianten binne.<ref>[http://itnijs.nl/2011/08/fryske-beweging-skriuwt-brief-oer-it-griene-boekje/ It Nijs] Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje</ref>
 
=== Alfabet ===
Line 19 ⟶ 15:
 
It Frysk hat in grut ferskaat oan fokalen. Om dy fokalen wer te jaan mei it Latynske alfabet brûkt it Fryske alfabet addisjoneel diakretyske tekens (kapkes/dakjes en streekjes). De dakjes of kapkes wurde skreaun op de a, e, o en u: ''â, ê, ô, û''. De ''ú'' wurdt yn sletten wurdlid foar sawol in lange as koarte <nowiki><u></nowiki> brûkt.
 
=== Foarkarstavering ===
Foar de foarkarstavering fan Fryske wurden hawwe sawol [[GrienLinks]] as de [[Ried fan de Fryske Beweging]] in fersyk oan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân dien. Beide wolle dúdlike regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen. By betizing oer de foarkar fan skriuwwize soe in foarkarstavering dy betizing weinimme kinne as der foar ien wurd noch ferskillende farianten binne.<ref>[http://itnijs.nl/2011/08/fryske-beweging-skriuwt-brief-oer-it-griene-boekje/ It Nijs] Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje</ref>
 
== Skiednis ==
{{Apart|Skiednis fan de Fryske stavering}}
=== Iere skiednis ===
Mei de [[Anglofryske runen]] waard de Fryske taal yn de iere midsieuwen foar it earst werjûn mei tekens. It it Anglofryske ''[[Futhark]]'' hat mear tekens as it Skandinavyske en is dêrom maklik werom te kennen, sels as de runen fier bûten Fryslân fûn binne.
 
Sûnt it [[Aldfrysk]] wurdt it Frysk stavere mei it Latynske alfabet. De krekte staveringsregels fan it Aldfrysk binne net bekend, mar yn it grut tal oerlevere rjochtsteksten is om 1450 wol in feroaring (modernisearring) yn de skriuwtaal te fernimmen. Nei 1550 is it Frysk winliken gjin skriuwtaal mear.

As de renêssânse-dichter [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) yn it Frysk begjint te skriuwen nimt er in folslein oare, troch him sels makke, stavering foar kar.
 
=== Moderne stavering ===
Yn de 19e ieu lizze de [[bruorren Halbertsma]] de grûnslach foar de moderne Fryske stavering. De [[Selskipsstavering]] fan 1879 wie de earste stavering fan it Frysk dy't kollektyf fêstlein wie. In bewurking fan dy stavering wie de [[Akademystavering]] fan 1945. Yn 1969 waard troch Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat dy stavering tenei as offisjele stavering fan it Frysk jilde soe. De lêste staverinsferoaring, de [[Steatestavering]], is fan 1980.