Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Sa earst mar
Rigel 3:
== Foech ==
Yn 1969 hat Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten.
 
=== Fryske Akademy ===
As wittenskiplik ynstitút hat de [[Fryske Akademy]] yn 1945 de Akademystavering makke dy't yn 1969 as offisjele stavering fêststeld waard troch Provinsjale Steaten. Foar de Steatestavering fan 1980 hat de Fryske Akademy advys jûn oan Provinsjale Steaten.<ref>[http://depot.knaw.nl/5124/1/108Stannert.pdf Frisian - Standardization in progress of a language in decay] skreaun troch Eric Hoekstra</ref>
 
== Hjoeddeiske stavering ==
[[Ofbyld:Stavering.jpg|thumb|200px|In modern staveringsboekje fan de [[Afûk]].]]
De [[stavering]] fan it [[Frysk]] is fêstlein neffens de [[Steatestavering]] fan [[1 jannewaris]] [[1980]], fêststeld troch de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân]] yn 1979. De regeling stavering frjemde wurden fan 1982 is fêststeld troch de [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân.
 
Regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen binne foar it Frysk net yn in staveringsreglemint fêstlein. Ornaris folget it Frysk de regeling dy't foar de offisjele stavering fan it Nederlânsk fêstlein is. Foar it ôfbrekken fan wurden jout it Frysk Hânwurdboek regels dy't yn 1991 troch twa [[Frisistyk|frisisten]] beskreaun binne.<ref>Sjoch by ''Stavering'' yn it Frysk Hânwurdboek, Fryske Akademy en Afûk, Ljouwert 2008</ref>
Line 20 ⟶ 17:
 
=== Foarkarstavering ===
Foar de foarkarstavering fan Fryske wurden hawwe sawol [[GrienLinks]] as de [[Ried fan de Fryske Beweging]] in fersyk oan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân dien. Beide wolle dúdlike regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen. By betizing oer de foarkar fan skriuwwize soe in foarkarstavering dy betizing weinimme kinne as der foar ien wurd noch ferskillende farianten binne.<ref>[http://itnijs.nl/2011/08/fryske-beweging-skriuwt-brief-oer-it-griene-boekje/ It Nijs] Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje</ref> Yn febrewaris 2012 is de Fryske Akademy begûn mei it meitsjen fan in wurdlist foar de foarkarstavering.<ref>[http://itnijs.nl/2012/02/frysk-grien-boekje/ Frysk Grien Boekje] op itnijs.nl</ref>
 
=== Fryske Akademy ===
Yn 1945 makke de [[Fryske Akademy]] de Akademystavering. By de staveringsferoaring fan 1945 wie gjin dúdlike regeling foar de stavering fan frjemde wurden makke. Dêrom publisearre de Fryske Akademy yn 1952 in ''List fan frjemde wurden''.
 
Foar de Steatestavering fan 1980 hat de [[Fryske Akademy]] advys jûn oan Provinsjale Steaten. Nei it fêststellen fan de stavering fan frjemde wurden yn 1982 wie der ferlet fan in nije list fan frjemde wurden. De ''Nije list fan frjemde wurden'' ferskynde yn 1993 en wie gearstald troch de Fryske Akademy. Yn it jier 2000 is in twadde printinge ferskynd, oanfolle mei nije frjemde wurden.
 
== Skiednis ==
Line 51 ⟶ 53:
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
*[http://depot.knaw.nl/5124/1/108Stannert.pdf Frisian - Standardization in progress of a language in decay] skreaun troch Eric Hoekstra
}}