Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 27:
{{Apart|Skiednis fan de Fryske stavering}}
=== Iere skiednis ===
Mei de [[Anglofryske runen]] waard de Fryske taal yn de iere midsieuwen foar it earst werjûn mei tekens. It it Anglofryske ''[[Futhark]]'' hat mear tekens as it Skandinavyske en is dêrom maklik werom te kennen, sels as de runen fier bûten Fryslân fûn binne.
 
Sûnt it [[Aldfrysk]] wurdt it Frysk stavere mei it Latynske alfabet. De krekte staveringsregels fan it Aldfrysk binne net bekend, mar yn it grut tal oerlevere rjochtsteksten is om it jier 1450 hinne wol in feroaring (modernisearring) yn de skriuwtaal te fernimmen. Nei 1550 is it Frysk winliken gjin skriuwtaal mear.
 
As de renêssânse-dichter [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) yn it Frysk begjint te skriuwen nimt er in folslein oare, troch him sels makke, stavering foar kar.
 
=== Moderne stavering ===
Yn de 19e ieu lizze de [[bruorren Halbertsma]] de grûnslach foar de moderne Fryske stavering.

De [[Selskipsstavering]] fan 1879 wie de earste stavering fan it Frysk dy't kollektyf fêstlein wie. In bewurking fan dy stavering wie de [[Akademystavering]] fan 1945. Yn 1969 waard troch Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat dy stavering tenei as offisjele stavering fan it Frysk jilde soe.

De lêste staverinsferoaring, de [[Steatestavering]], is fan 1980.
 
== Sjoch ek ==