Animisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: ps:ساباوري
Rigel 41:
Itselde jildt ek foar it offisjeel islamityske [[Java]]. Want hoewol’t de grutte mearderheid fan ’e [[Javanen]] - yn alle gefallen nei bûten ta - de Islam oanhinget, bestiet ek noch hieltiid de preïslamityske Javaanske religy, de ''Agama Jawa'', dy't in in gearmjoksel is fan animisme, [[foarâldenferearing yn natoerreligys|foarâldenferearing]], [[fetisjisme]], [[sjamanisme]], Hindoeïsme en Boedisme mei islamityske ynfloeden. De Agama Jawa omfettet it leauwen yn geasten, godheden en magy en it útfieren fan in grut ferskaat oan rituëlen. Hoewol’t de opmars fan ’e Islam derfoar soarge hat dat sokke leauwensoertsjûgings faak bespot wurde en dat guon eleminten fan ’e Javaanske religy ferdwûn binne, hâlde in protte Javanen der noch oan fêst, benammen yn [[East-Java]] en op it plattelân.
 
Oan ’e hoven fan ’e Middenjavaanske keninkriken wie de goadinne Nyai Loro Kidul (“de Keninginne fan ’e Súdsee”) as bringster fan macht en wolfeart de wichtichste godheid. Tradysjoneel sleaten de foarsten fan [[Yogya]] en [[Solo]] sels in spiritueel houlik mei har. Ek de hjoeddeiske ''susuhunan'' fan Solo besiket noch op fêste tiden [[Parangtretes]] oan ’e súdkust, dêr’t er troch [[meditaasje]] kommunisearret mei Nyai Loro Kidul. Fierders wurde der noch elts jier grutte rysoffers út ’e [[kraton]]s fan Yogya en Solo nei de see brocht.
 
De Javaanske religy omfettet in grut tal geasten, dy’t allegearre tefreden holden wurde moatte. Yn it foarste plak binne der de geasten fan ’e deaden, dêr’t men fan leaut dat se net daliks nei it ferstjerren nei de geastewrâld geane. Dêrom wurdt der oant fjirtich dagen nei de dea iten foar de ferstoarne klearset en wurde der oant tûzen dagen nei de dea op sette tiden beskate deaderituëlen, ''slametan''-rituëlen, útfierd. Fierders leaut men dat de geasten fan foarâlden de libbenen helpe kinne. Dat is ien fan ’e wichtichste redens dat de grêven fan grutte lieders, lykas [[Achmed Soekarno]], de earste presidint fan Yndoneezje, faak yn beafeartsplakken feroarje.
 
Behalven de geasten fan ’e deaden binne der ek oare goede geasten, lykas de ''dayang'', de beskermgeasten fan it doarp, de ''widadari'', kreaze nimfen, en de ''ingkang ngemon'', persoanlike beskermgeasten. ''Tuyul'' binne ûndogenske kweageasten, dy’t de foarm fan bern of dwergen oannimme kinne. Troch [[tsjoenderij]] of meditaasje kin men lykwols harren help winne en ryk wurde; mar de ''tuyul'' easkje dêr wol wat foar werom. Ek krije se faak de skuld fan dieverij. De measte oare kweageasten binne folle gefaarliker en meunsterliker en steane net iepen foar kommunikaasje, hoewol’t de ''kuntilanak'' harren foardogge as kreaze, neakene [[sirene]]s en by nacht iensume manlju besykje mei te lokjen. Kweageasten kinne minsken ek besette en dêrtroch sykte of gekte feroarsaakje. Men leaut dat se it lichem dan binnenkomme troch de soallen fan ’e fuotten of troch de fontanellen. Benammen jonge bern binne dêr tige fetber foar.
 
== Sjoch ek ==