Germaanske mytology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
Om't it ferbân tusken de wikedagen en de, sichtbere, himellichems yn West-Jeropa net bekend wie, waarden de planetenammen almeast oerset yn de betsjuttings fan goadenammen. Sa hjitte [[snein]] en [[moandei]] nei de [[sinne]] en de [[moanne (himellichem)|moanne]], en [[sneon]] ''sinnejûn'', wylst de oare dagen nei goaden hjitte: [[tiisdei]] komt [[Tiwaz]]-dei, [[woansdei]] is ferneamd nei [[Weda, Wodan]], [[tongersdei]] nei [[Tonger, (god)|Tonger, Thor]] en [[freed]] nei [[Freya]].
 
In soad nammen, begrippenbegripen en brûkmen dy't yn ús hjoeddeiske maatskippij foarkomme, stamje noch út ús heidenske foarskiednis: sa binne de hjeldagen lykas [[Peaske]] en [[Krysttiid]] ferkristlike foarmen fan heidenske jiertiidsfeesten, it midwinterfeest en it maitiidsfeest.
 
Sa liket ús [[Sinteklaas]] in protte op [[Weda, Wodan]] (Skandinaavje: Odin) sa as dy te sjen is op inkelde ôfbyldings. Foarbylden dêrfan binne syn burd, hoed (ferfongen troch in miter), spear (no: stêf) en mantel. Boppedat rydt [[Weda]] ek yn de loft op in griis hynder, Sleipnir neamd, lykas Sinteklaas oer de dakken op syn skimmel. It struien mei letters wurdt wol keppele oan it feit dat Weda de minske de runetekens jûn hat.