IJ (Amsterdam): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 6:
[[Ofbyld:IJ_4.88665E_52.39839N.png|thumb|300px|Satellytfoto mei it IJ tusken it [[Noardseekanaal]] (lofts) en de [[IJmar]] (rjochts)]]
It '''IJ''' is in [[rivier]], earder in seeëarm, yn de provinsje [[Noard-Hollân]]. Het eigenlike IJ of ''Binnen-IJ'' skiedt de [[Amsterdam]]se binnenstêd fan [[Amsterdam-Noard]], en wie oarspronklik in baai fan de [[Sudersee]]. De namme IJ is besibbe oan it Germaanske wurdt foar 'wetter', ''Ae'', ''Ee'', ''Ie'' of ''Die'' (fergelykje mei it Frânske ''eau'').
 
== Skiednis ==
Al yn de [[Midsieuwen]] waard it IJ bedike.
 
Mids [[19e ieu]] waard besletten om it grutste part fan de seeëarm, dy't nei it westen oant [[Felsen]] en [[Beverwyk]] roan, [[polder|yn te polderjen]] en it oerbliuwende par fan de Sudersee ôf te sluten middels in [[Daam (wetterkearing)|daam]].
 
Tagelyk waard it [[Noardseekanaal]] oanlein (iepene yn [[1876]]) dat it ''Ofsletten-IJ'' mei de doe ek oanleine nije haven [[IJmuiden]] ferbynt. It ''Bûten-IJ'' leit oan de eastside fan de [[Oranjesluzen]] en slút oan op de [[IJmar]] en [[Markermar]].
 
By [[Spaarndam]] leit benoarden de Spaarndammerdyk noch in [[IJ (Spaarne)|IJ]], dat in oerbleaun stik fan de oarspronklike seeëarm is.
 
==IJ-fearen==
De Amsterdamske fearen fersoargje tsjinsten oer it IJ. Sûnt [[1897]] wurdt de tsjinst tusken it [[stasjon Amsterdam Sintraal|Sintraal Stasjon]] en it Tolhûs yn Amsterdam Noard fersoarge troch de [[Gemeenteveren Amsterdam]] (GV). Yn de rin fan de [[20e ieu]] kamen der noch ferskate [[fear|feartsjinsten]] by, sa as de pont nei de Adelaarsweg en ek ferkate lytse IJ-fearen. Yn [[1943]] ûntstie it [[GVBGemeentlikferfierbedriuw (AmsterdamGVB)|Gemeentlikferfierbedriuw]] troch fúzje fan de Gemeentetram Amsterdam mei de Gemeentefearen.
 
Nei de bou fan de Schellingwâlderbrêge (1957), de [[Coentunnel]] (1966), de [[IJtunnel]] (1968) en de [[Zeeburgertunnel]] (1990), wurde gjin auto's mear oerset, mar foar fuotgongers en fytsers binne de IJ-Fearen noch fan grut belang.