Piet Hein van Asperen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Boefken (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Piet Hein van Asperen''', ([[Harns (stêd)|Harns]], [[8 febrewaris]] [[1895]] - [[Ljouwert]], [[5 novimber]] [[1969]] ) wie keunstskilder en reklametekener.
 
Piet Hein is de soan fan keapman Gerlof van Asperen en Frouwkje de Groot. As bern tekent er op alle stikjes papier dy't er yn hannen krijt. Nei de ambachtsskoalle gie er nei de keunstniverheidsskoalle 'Quellinus' yn [[Amsterdam]], Hy krijt dêr les fan û.o. J.B. Heukelom en C. Rol en wennet en wurket yn Harns, Amsterdam, Rotterdam en yn Ljouwert. In 1922 trout hy mei Apollonia de Boer en se sette har nei wenjen yn Ljouwert, dêr't er oant 1960 wurket by de Leeuwarder Papierfabriek (LPF) as ûntwerper. Se wenje lang oan de Spoarstrjitte en krije ien soan: Hein.
 
Hy skildere steds- en havengesichten, hynders, stillibbens en portretten yn in tinne ferveopdracht. Piet Hein van Asperen wie mear totalist as kolorist. Hy tekent ek graach en wie faak sketsendewei op strjitte te finen. Wie lid fan it ‘Boun fan Fryske Kunstners’ yn Ljouwert. Wurken fan him hingje yn it stêdhûs Fan Ljouwert en yn it [[Suderseemuseum]] yn [[Inkhuzen]].