Patrysjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: sk:Patricij (staroveký Rím)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
In '''patrysjer''' (ek skreaun as '''patrisiër''') is ien dy't ôfkomstich is út it laach of de famylje dat fan âldsher de bestjoerders levere foar in maatskippij. [[Sosjaal]] en [[Kultuer|kultureel]] sjoen binne dizzedy geslachten alhiel identyk oan de eallju.
 
Eltse maatskippij hat patrysjers, yn it âlde Rome hienen sy it rjocht om sit te nimmen yn de [[senaat (Rome)|Senaat]]. Yn Fryslân komt it begryp [[haadling]] út de midsieuwen gruttendiels oerien mei dat fan patrisiër.
 
== Skiednis ==
Patrysjer of ''Patricius'' yn it [[Latyn]] is oarspronklik de namme foar de famylje fan inkele [[Rome (stêd)|Romeinske]] geslachten; it haad (''pater'' of ''heit'') fan sa'n famylje wie lid fan de [[Senaat (Rome)|Senaat]]. Patrisiërs wienen mei oare wurden leden fan de Romeinske [[eallju|adel]], en dizzedy betsjutting hat it wurd hjoed de dei noch hieltyd yn in protte lannen. Streekrjocht tsjinoer de patrisiërs stean de [[Plebejer|plebejers]] of ''de plebs''.
 
It begryp patrysjer werlibbe yn de lette [[Midsieuwen]], wannear't yn de steden de wichtichste geslachten har groepearen om de bestjoerlike funksjes ([[Grytman]], [[skepen]], ...) ûnderinoar om beurten te ferdielen.